Reinoud III fan Gelre: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
No edit summary
LNo edit summary
Rigel 4:
Reinoud III wie de soan fan [[Reinoud II fan Gelre]] en [[Eleönoara fan Ingelân, grevinne fan Gelre|Eleönoara fan Ingelân]]. Nei de dea fan syn heit yn [[1343]], waard syn mem fâd oer him en regeare hja yn Gelre. Op syn tolfte waard Reinoud mearderjierrich ferklearre. Hy wie boaske mei [[Maria fan Brabân]], mei gefolch dat er fan twa siden te krijen hie mei it skeel tusken de Frânsk-Brabânske partij en de Ingelske partij yn ferbân mei de [[hûndertjierrige oarloch]].
 
Sirka 1350 kaam der spul tusken Reinoud en syn jongere broer [[Edwert fan Gelre|Edwert]]. As gefoch dêrfan waard Reinoud sammelpunt foar de [[Heekerens]] yn de partijstriid tusken de Bronkhorsten en de Heekerens, wylst syn broer sammelpunt fan de Bronkhorsten waard. Yn [[1361]] eindigeeinige dit skeel dermei dat Reinoud yn hannen fan syn broer rekke en doe fêstsetten waard op [[kastiel Roosendaal]] by [[Arnhim]] en letter yn [[kastiel Nijenbeek]] by [[Foarst]].
 
Nei de dea fan syn broer yn [[1371]] waard Reinoud frijlitten. Dat gie neffens it ferhaal noch net sa maklik, want wylst er finzen holden waard hie er it dêr sa goed hân dat er net mear troch de doar fan syn sel koe. Earst nei't der in stik fan de muorre útbrutsen wie koe er út it kastiel komme. Reinoud wie noch in pear moannen hartoch, oant er 4 desimber ferstoar. Hy waard begroeven yn it [[kleaster Grafenthal]]. Mei him einige it [[Hûs Wassenberch]].