Kataren: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Yn 'e Wâlden (oerlis | bydragen)
No edit summary
LNo edit summary
Rigel 28:
De provinsje fan [[Languedok]] yn [[Oksitaanje]], Súd-Frankryk wurde yn de [[12e iuw]] it earste bolwurk fan de Kataren. De Oksitaanske kultuer belibbet ek troch de ynfloed fan de Kataren in bloeitiid. Mar de Frânske kening besjocht it mei in soad jaloezy, wylst de paus yn [[Rome (stêd)|Rome]] net ûnferskillich sjocht nei it machtsferlies fan de Katolike tsjerke yn Oksitaanje.
 
In koalysje fan de kening, Noard-Frânske eallju en de Paus liede yn [[1208]] ta de earste krústocht tsjin de Kataren. Dit alles ûnder lieding fan [[Simen de Montfort IV]]. De massaslachting fan de ynwenners fan [[Beziers]], dêr’t mear as 20.000 minsken op [[22 july]] [[1209]] fermoarde binne, heart ta ien fan de grutste grouweldieden yn de Jeropeeske skiednis. Yn de stêd Beziers wienen net allinnich mar Kataren. De pauslike gesant hie sein: 'moardzje se allegear út, God werkent syn eigen bern wol'. De earste [[krústocht]] eindigeeinige yn [[1212]].
 
De twadde krústocht begûn yn [[1226]] ûnder de lieding fan de Frânske kening [[Loadewyk VIII]]. Mar hy ferstoar ûnderweis nei Súd-Frankryk. De tredde en lêste krústocht yn it jier [[1244]] ferneatige de lêste grutte bolwurken fan de Kataren. De kastielen fan [[Montségur]] en [[Quéribus]] wurden finaal ôfbrutsen. De Kataarske gemeente fan [[Montallou]] en omjouwing wurdt yn [[1320]] troch de [[ynkwisysje]] fermoarde. De lêste Kataar is yn [[1321]] ferband, hy wie [[Guillame Bélibaste]].