James Cook: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Rigel 32:
== Tredde reis ==
[[Ofbyld:Cook-death.jpg|thumb|300px|De dea fan Cook]]
Yn [[1776]] giet Cook foar de tredde kear op reis. It doel is diskear om it noarden fan de Grutte Oseaan te ferkennen, en mear spesifyk de kust fan [[Noard-Amearika]]. Cook woe sjen oft it mooglik wie fia dy rûte nei Aazje komme te kinnen. De ekspedysje telde twa skippen, de ''Resolution'' ûnder Cook sels en de ''Discovery'' ûnder [[Charles Clerke]], mei-inoar 384 man. De ''Resolution'' set útein fan [[Plymouth (Ingelân)|Plymouth]] op [[12 july]] 1776, de ''Discovery'' op [[1 augustus]]. Yn [[Kaapstêd]] waarden beide skippen mei elkoar feriene en fearen tegearre nei it easten. De [[Crozeteilannen]] en de [[Kerguelen]] waarden ûntdekt en op 'ede kaart setten en fia Van Diemen's Lân ([[Tasmaanje]]) kaam de ekspedysje yn [[Nij-Seelân]] oan. [[Rarotonga]], de [[Cookeilannen]] en de [[Tubuay-eilannen]] waarden ûntdekt, en de reis gie fjirder nei [[Tonga (lân)|Tonga]] ear't op [[Tahity]] inkele moannen rêst hâlden waard.
 
Fan Tahity fear Cook nei it noarden en seach in eilân dat er Santa Island neamde (distiid [[Kiritimati]]) en in kloft eilannen dy't er Sandwicheilannen neamde, mar tsjintwurdich bekend stean as [[Hawaï]]. By syn besite die er allinnich de twa westlike eilannen [[Niihau]] en [[Kauai]] oan. By [[Heceta Head]] yn [[Oregon]] berikte hy lang-om-let de kust fan Noard-Amearika, it eigentlike doel fan de reis. Hy folge de kust fjirder nei it noarden en brocht ek dy yn kaart, lykwols miste er de [[Strjitte fan Juan de Fuca]] Hy berikte fia [[Unalaska]] de [[Beringstrjitte]], mar waard op 70°41'NB troch it [[pakiis]] tsjinhâlden. By de [[Sibearje|Siberyske]] kust fan Beringstrjitte gie Cook wer nei it suden en ûntdekt dêrby [[St. Lawrence (eilân)|St. Lawrence Island]]. Fia [[Unalaska]] kearde hy werom nei Hawaï.
Rigel 39:
[[Ofbyld:Cook Monument Kealakekua.jpg|thumb|200px|Monumint út 1878 by it stee dêr't Captain Cook deaslein waard.]]
 
[[Charles Clerke|Clerke]] naam it kommando fan de ekspedysje oer en besocht op 'e nij troch de Beringstrjitte hinne te kommen. Hy hie likemin suskes en stoar ûnderweis oan [[tuberkulose]] en it wie lang-om-let [[John Gore]] ûnder waans kommando de skippen yn oktober [[1780]] werom kammenkamen yn Ingelân.
 
== Literatuer ==