Muzyk: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
LNo edit summary
Rigel 1:
'''Muzyk''' yn de brede sin fan it wurd, is in oansprekkend arranzjement fan lûd en stilte. De úteinlike [[Definysjes fan muzyk|definysje fan muzyk]] is swier bediskusearre. Wannear't lûd akseptearre wurdt as muzyk, is ôfhinklik fan kultuer en histoarje. Yn it algemien kin steld wurde dat it lûd op syn minst troch ien of mear persoanen bewust organisearre wêze moat.
 
=== Basis elemintenBasiseleminten ===
De measte muzyk bestiet út [[toanen]] mei in beskate hichte (frekwinsje). Ferskillende toanen efter-in-oar spile, foarmje in [[meldij]]., wylst ferskillende toanen dy't tagelyk spile wurde yn [[akkoarden]] en [[harmony]] of [[disharmony]] resultearje. De tempo-gewize organisaasje fan dizze eleminten én stilte is ritme.
 
=== It skriuwen fan muzyk ===
Muzyk kin foar't it útfierd wurdt, skreaun wurde troch in [[komponist]] of [[lieteskriuwer]]. Yn sokke gefallen sille de muzikant of muzikanten dy't dat stik letter spylje, oer it generaal de ynstruksjes dy't de komponist, meast yn [[noaten]] as blêdmuzyk, oanjûn hat, folgje. In oare mooglikheid is dat de útfierders spyljenderweisspyljenderwize in eigen slinger oan it stik jouwe (ynterpretaasje/ymprovisaasje).
 
=== It útfieren fan muzyk ===
Muzyk kin ta klinken brocht wurde troch ien muzikant, mar ek troch mear as ien dy't meiinoar in groep foarmje lykas in rockgroep of in orkest. De muzyk dy't makke is of wurdt, kin op ferskate wizen beharke wurde: de meast tradisjonele manier is de muzyk direkt, yn it bywêzen fan de muzikanten (''live''), te beharkjen. It is mooglik dy ''live''-muzyk út te stjoeren fia radio, telefyzje of oer it ynternet, alhoewol't it belibjen fan de muzyk dan ticht by it belústerjen fan fêstleine muzyk komt. Bytiden kin it ôfspyljen fan earder opnommen muzyk (fan oare artysten) ûnderdiel útmeitsje fan in útfiering.
Sels sjonge, fluitsje, in ynstrumentynstrumint bespylje of in muzykstik komponearje binne ek foarmen fan muzyk meitsjen.
 
Dôve minsken kinne muzyk belibje troch it fielen fan de fibraasje yn harren lichem. In bekend foarbyld is de komponist [[Ludwig van Beethoven]] dy't doe't er al folslein dôf wie, noch ferskate as masterstikken erkende komposysjes makke.