Algemien direkteur: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L + synonym
LNo edit summary
Rigel 1:
In '''algemien direkteur''' of '''presidint-direkteur''' is de einferantwurdlik binnen it [[bestjoer]] fan in [[bedriuw]]. Dizze titel wurdt ornaris inkeld brûkt yn grutte [[ûndernimming]]s dêr't mear as ien [[direkteur]] is. As it bestjoer mar út ien persoan bestiet, sprekt men yn 'e regel simpelwei fan in '''direkteur'''. Likernôch in [[synonym]] foar algemien direkteur is '''bestjoersfoarsitter'''. TsjinwurdichTsjintwurdich heart men ek faak de [[Ingelsk]]e term '''''CEO''''' (útspraak: ['si:ʔi:ʔoʊ], likernôch: "<u>sii</u>-ii-oo"), in [[ôfkoarting]] foar '''''chief executive officer''''', dat letterlik "útfierend haadofsier" betsjut.
 
De persize rol fan in algemien direkteur hinget ôf fan 'e bedriuwsfoarm. Der is in model dêr't it bewâld oer in ûndernimming inkeld by fierd wurdt troch in [[direksje]] mei oan it haad de algemien direkteur. Mar it komt ek in soad foar dat de direksje it útfierend of deistich bestjoer docht njonken in [[ried fan bestjoer]], dy't ornaris ien kear yn 'ede [[moanne (tiid)|moanne]] of noch minder faak gearkomt om tafersjoch op 'e direksje te hâlden en strategyske beliedsbesluten te nimmen. Yn it earste model hat de algemien direkteur mear macht, mar beide kearen is hy of sy dejinge dy't binnen it bestjoer fan it bedriuw ferantwurdlik is foar de algehiele gong fan saken. Dat hâldt ek yn dat de algemien direkteur faak syn funksje dellizze moat as de resultaten fan it bedriuw ôffalle.
 
==Sjoch ek==