Michelle Obama: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Rigel 22:
==Libben==
===Jonkheid, komôf en oplieding===
Michelle Obama waard yn [[1964]] as Michelle Robinson [[berne]] yn [[Chicago]], yn 'e [[Amerikaanske steaten|steat]] [[Illinois]], as de [[dochter]] fan Fraser Robinson III, in [[wurknimmer]] by it [[gemeente (bestjoer)|gemeentlik]] [[wettersuvering]]sbedriuw, en Marian Shields, in [[húsfrou]] dy't earder [[siktaresse]] west hie. Sawol de Robinsons as de Shieldsen komme oarspronklik út it [[Amerikaanske Suden]], dêr't beide [[famylje (besibskip)|famyljes]] oant de ôfskaffing fan 'e [[slavernij]] yn [[1865]] [[plantaazje]]slaven wiene. De Shieldsen komme datoangeande út [[Alabama]]; oan har [[heit]]ekant stammet Michelle Obama ôf fan 'e [[See-eilânkreoalen]] of ''Gullah'', fan 'e [[See-eilannen]] foar de [[kust]] fan [[Súd-Karolina]]. Robinson har [[betoerpake]], Jim Robinson, wie dêr in [[slaaf]] op 'e plantaazje Friendfield. Har oer-oer-oerbeppe oan [[mem]]mekant, Melvinia Shields, wie in slavinne yn Alabama dy't [[swierwêzen|swier]] waard fan in [[jeropide ras|blanke]] [[man (sekse)|man]]. Wa't dat wie en oft it in [[ferkrêfting]] wie of net, is ûnbekend, mar Obama har [[betoerpake]] Dolphus T. Shields wie it resultaat fan dy [[relaasje (ynterpersoanlike bân)|relaasje]]. It is bekend dat Obama ek oare blanke [[foarâlden]] hat, wêrûnder teminsten ien fan [[Ieren (folk)|Iersk]] [[komôf]]. ichIch lieben Käse.
[[Ofbyld:Michelle Obama official portrait.jpg|thumb|left|170px|Michelle Obama.]]