Film: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L →‎Distribúsje: [[]] oars
Rigel 48:
 
===Filmproduksje===
As men it oer 'in film' hat, bedoelt men almeast in [[langspylfilm]], dy't makke wurdt om yn [[bioskoop]] of [[filmhûs]] fertoand te wurden oan in [[kommersje|beteljend]] [[publyk]]. Sokke films wurde makke troch in [[regisseur]], wylst de omballingen regele wurde troch in [[produsint|filmprodusint]]. De produksje bestiet út trije fazen: de [[preproduksje]] (of tarieding), de [[opnamen (film)|opnamen]] (of eigentlike produksje) en de [[postproduksje]] (of ôfwurking). By grutte filmstudio's is it tafersjoch op 'e produksje yn 'e hannen fan in [[útfierend produsint]], dy't foar syn wurk net op set oanwêzich hoecht te wêzen, mar fan in ôfstân in stjoerende wurking hat en benammen oer it [[jild]] giet. Regisseur en produsint wurde ornaris bystien troch in team assistinten, hoewol't it by low-budgetproduksjes ek mooglik is dat beide funksjes troch ien en deselde persoan ferfolle wurde en dat de hiele produksje fan 'e film dus in ienmansprojekt is. Neffens de klassike metoade, by in middelgrutte of gruttere [[filmstudio]], giet de produksje fan in film lykwols lykas hjirûnder beskreaun.
 
====Preproduksje====
Rigel 58:
 
====Produksje====
De [[opnamen (film)|opnammen]], oftewol de eigentlike produksje fan in film, begjintbegjinne op 'e earste opnamedei. Fan dat stuit ôf wurdt per shot wurke. Men nimt lytse stikjes film op en faak wurdt tagelyk it lûd ek opnommen. As alle shots filme binne, kinne de opnamen beëinige wurde. It komt lykwols foar dat de regisseur letter ta it besef komt dat er noch wat fergetten is, of dat it shooting script troch ûnfoarsjoene foarfallen (lykas it [[ferstjerren]] fan ien fan 'e akteurs ûnder de opnamen) noch feroare wurde moat. Dan kin it wêze dat de (oare) akteurs letter weromroppen wurde om noch ien of in pear ekstra shots of sênes op te nimmen.
 
====Postproduksje====