Abraham (aartsfaar): ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
No edit summary
Rigel 1:
[[File:Orazio Riminaldi - The sacrifice of Isaac.jpg|thumb|300px|It offer fan Abraham's soan Izak (neffens in skilderij fan [[Orazio Riminaldi]])]]
'''Abraham''' ([[Hebriuwsk]] אברהם) is in wichtich persoan yn it [[Alde Testamint]] en wurdt sjoen as de âldste [[aartsfaar]] fan it folk fan Israël. Syn ferhaal wurdt beskreaun yn it bibelboekBibelboek [[Genesis (bibelboek)|Genesis]]. Tegearre mei syn soan Izaäk en Jakob heart Abraham ta de aartsfaars, dy't de foarâlders fan de tolve stammen fan Israêl binne.
Abraham wurdt yn de bibelskeBibelske tradysje yn it [[kristendom]] en it [[joadendom|joadedom]] en ek yn de [[islaam]] as de oarspronklike foarâlder fan Israël beskôge. DizzeDy trije godstsjinsten wurden dêrom ek as Abrahamityske godstsjintengodstsjinsten oantsjutten.
== De bibelskeBibelske Abraham ==
Abraham wie ien fan de trije soannen fan [[Têrach]] en hjitte earst Abram (''de roppene''). Hy wie troud mei [[Sara (aartsmem)|Sarai]] (letter Sara), mar fanwegen de ûnfruchtberens fan Sarai krigen hja tegearre ynearsten gjin bern. Abram'sAbrams heit Têrach ferliet syn oarspronklike wenstee yn it Chaldeeske Oer (yn it hjoeddeiske [[Irak]]) om nei it lân [[Kanaän]] te gean. Hy naam syn soan Abram en Sarai mei en [[Lot]], de soan fan Abram'sAbrams broer Haran, dy't al earder ferstoarn wie. De Skrift makket net dúdlik oft Abram'sAbrams oare broer [[Nahor]] ek mei op reis gyng. Ûnderweis sloechensloegen hja de tinten op yn Charam (it tsjintwurdige [[Şanlıurfa]] yn [[Turkije]]) en bleaunen dêr ynearsten.
Dêr krige Abram de opdracht fan God om fierder te gean nei it lân dat God him wize soe. Syn heit Têrach libbe doe al net mear. God ûnthiet Abram in manmachtich neiteam en in segen te wurden foar alle folken. Abram wie doe fiifensantich jier.
 
[[File:Tissot Sarai Is Taken to Pharaoh's Palace.jpg|thumb|left|250px|Sarai wurdt nei it paleis fan de farao brochbrocht (Neffens in wurk fan [[James Tissot]])]]
[[File:Presentation-d-agar-a-abraham---jules-richomme.jpg|thumb|left|250px|Sarai bringt Hagar nei Abraham (Neffens in skilderij fan [[Jules Richomme]])]]
[[File:Abraham y los tres ángeles.jpg|thumb|left|250px|Abraham en de trije ingels ([[Giovanni Battista Tiepolo]])]]
Yn Kanaän sei de Heare: dit"Dit is it lân dat Ik dy jaan sil". Mar it lân waard teheistere troch honger en Abram moast fierder lûke en kaam yn it lân fan [[Egypte]] oan. Om't Abram benaud wie dat hy dêr wolris fermoarde wurde koe, sa't de Egyptners der mei syn noch kreaze frou Sarai fan troch gean koene, sei Abram tsjin syn frou dat hja har mar foar Abram'sAbrams suster moast útjaan moast. En yndied, Sarai makke grutte yndruk op de Egyptners en de farao naam Sarai yn syn hûs en makke fan har saneamde broer Abram in ryk man. It hûs fan de farao waard lykwols dêrnei troffen troch slim ûnk en doe't de farao fernaam dat Abram der wat yn om liicht hie en Sarai net in suster, mar de frou fan Abram wie, liet de farao Abram by him komme en krige hy de opdracht om mei Sarai en al wat hja fierder besieten op te pakken. Abram teach mei syn folk doe rjochting Bet-El. Mar dêr krigen de hoeders fan Abram en Lot spul meiïnoarmei-inoar en om fierdere eskalaasje tefoaren te kommen beslettenbesleaten Abram en Lot om útinoar te gean. Lot keas foar itfoarde fruchtbere Jordaandelte by [[Sodom en Gomorra]] en Abram naam it mear westlike diel fan Kanaän yn de omkriten fan Hebron.
 
Alhoewol't God Abram in grut neiteam ûnthiet, bleau Sarai noch jimmeroan sûnder bern en dêrom joech hja Abram de rie om him mar neffens âld gebrûk by de slavin [[Hagar]] del te jaan. By HagerHagar krige Abram dan syn earste soan [[Ismaël]], nei't er likernôch tsien jier yn Kanaän wenne hie. Mar wylst Hagar noch swier wie fan Ismaël, krige hja deilis mei Saraï en flechte doe de woastyn yn. Dêr ferskynde in ingel oan Hagar, dy't sei, dat hja werom gean moast. As Abram 86 jier âld is wurdt Ismaël (= ''God heart'') berne.
Abram is njoggenennjochentichnjoggenennjoggentich jier as God it ferbûn mei Abram jitris befêstichtbefêstiget en as teken fan dat ferbûn de besnijenis fan alle nijberne jonkjes út syn geslacht easket. God seit dan dat Hy Abram segenje sil en dat hy stamhâlder wurdt fan in soad folken. Abram en Sarai krije dan ek nije nammen: Abraham en Sara. Ek by Sara sil Abraham in soan krije, troch wa't it ferbûn fierder jûn wurdt. God jout him syn noch net berne soan de namme Izaäk (= ''Hy laket'').
Efkes letter komme der trije manlju by Abraham op besite. Abraham ûnthellet de manlju gastfrij en wylst hja in miel krigen fertelden hja dat Sara in soan krije soe. Sara, dy't wat fansiden stie, hearde dat en moast yn harsels laitsje: hja wie ommers al krekt as Abraham op jierren en hoe soe hja dan noch it libben oan in soan jaan kinne? EkDe manlju prate de manljuek mei Abraham oer Sodom en Gomorra, dêr't de bewenners har skuldich meitsje oan swiere sûnden.
Doe't Abraham hûndert jier waard krige Sara de soan dy't harren foarsein wie. En sa't dat no gebrûk wie waard Izaäk op de achtste dei fan syn libben besnien. Doe't Izaäk grutter waard barde it ienris dat Hagar'sHagars soan Ismaël Izaäk de gek oanstiek. Sara koe dat net ferneare en trune der by Abraham op oan om Hagar en Ismaël fuort te stjoeren. Ynearsten wegere Abraham dat, mar nei't him yn 'e nacht in ingel ferskynde waarden Hagar en Ismaël fuortstjoerd.
Ien fan de hichtepunten fan it Bibelske ferhaal oer Abraham foarmet God'sGods opdracht oan Abraham om syn eigen soan op te offerjen. Sa hifket God Abraham'sAbrahams trou oan it leauwen. As Abraham lykwols syn soan op it hout leit en him slachtsje sil, ferhindertferhinderet in ingel dat. Tusken de strûken fynt Abraham in raam dy't it plak fan Izaäk ynnimt en oan de Heare offere wurdt. En om't Abraham ree wie om sels syn iennichste soan oan God te offerjen, swarretswart God al de eardere ûnthjitten nei te kommen en it neiteam fan Abraham te segenjen en like talryk te meitsjen as de stjerren oan de himel en de sânkerlssânkerrels op it strân. It offer fan Izaäk hat plak fûn op in berch yn it lân fan Moria. Neffens de joadske oerlevering soe dat de [[Timpelberch]] yn [[Jeruzalim]] wêze.
As Sara hûndertsânentwintichhûndertsânentweintich jier âld is, stjert hja. Sara waard yn in grot yn Hebron te rêste lein. Abraham stoar letter yn de âldens fan hûndertfiifensantich jier. Hy waard troch syn beide soannen Ismaël en Izaäk ek yn Hebron begroeven.
Yn 'e 6e iuw liet de byzantynskeByzantynske keizer Justianus I in tsjerke oer de grot bouwe. DizzeDy tsjerke waard letter troch moslims ferneatige en dêrnei troch krúsfarders wer opboud. Letter waard dy basilyk ta moskee omdope.
== Abraham as histoarysk persoan ==
Bûten de [[Bibel#De Kristlike Bibel|Bibel]], de [[Tenach]] en de [[Koaran]] binne der oant no ta gjin oare skriftlikeskriftlikye boarnen oer Abraham fûn.
 
{{CommonsBalke|Abraham}}