Gundohar: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
fan nl
(Gjin ferskil)

De ferzje fan 17 sep 2007 om 22.39

Gundohar (? - 436) wie tusken 407 en 436 kening fan de Boergonden, in Germaansk folk. Syn namme wurdt ek wol oantsjutte mei Gundahar, Gundahari, Gundacar.

Fan dizze side moat de stavering noch hifke wurde.
Jo wurde útnûge om dêr in begjin mei te meitsjen


Skiednis

Gundohar wie de soan fan Gebikka en folgde syn heit yn 407 op as kening. Dat jier hienen de Boergonden, doe ferskate Germaanske folken oer de Ryn–grins hinne gongen de side keazen fan de Britse usurpator Konstantyn III yn stee fan de ofisiele keizer Honorius. Doe Konstanty III yn 411 ferslein waard by Arles joeg Gundohar oanfanklik syn stipe oan in nije usurpator Jovinus, mar doe dizze lykwols op syn beurt ferslein waard yn 413, ûnderworp hy him oan keizer Honorius. Mei dizze keizer slette hy in foederaty-ferdraach dy't syn folk oan de Romeinen ferbûn. Sy waarden belêste mei de ferdigening fan de Limes fan ôf de Alpen oant Metz en mochten harren foar fêst festigjen oan de bopperin fan de Ryn yn de Romeinske provinsje Boppe-Germaanje. Gundobar beskikte oer in grutte mate fan autonomy. Tichby Worms stifte hy in keninkryk doe de Romeinske macht fierder fan betsjutting ôfnaam.

Yn 435 litte Gundohar him neat mear gewuren oan de Romeinen en sei it feoderaty-ferdrach op. Hyl brutaal besette hy it oangrinzende Romeinske. Lykwols wie hy net betocht op de felle reaksje fan it Romeinske opperbefel. De Romeinske stjoerden in strafekspedysje nei de Boergonden, foaral besteande út Hunnen. Yn de slach dy't dernei plakfûn sneuvele kening Gundohar yn de omkrite fvan Worms. It grutste part fan Gundohars folk en syn hiele famylje waard útmoarre.

Siegfriedleginde

Ferskate ferhalen binne oer Gundohar ferskenen yn Latynske, ald Noorske, Germaanske en âld Ingelske teksten. De bekendste ferhalen der't Gunther yn foarkomt binne it Nibelungenlied en de Thidrekssaga. Hjiryn stean syn relaaje mei de held Siegfried sintraal en syn úteinlike dea oan it hof fan Attila de Hun. Benammen it ferhaal dat Gundohar troch Flavius Aetius of Attila de Hun ferieden soe wurden, wie in populêr ûnderwerp.