Delta (rivier): ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L + kat
oanf. fan nl:
Rigel 4:
== Deltastêden en klimaatferoaring ==
In soad rivierdelta's lizze leech. De tichtbefolke rivierdelta's binne dêrom kwetsber foar gefolgen fan de klimaatferoaring. Stêdsbestjoeren fan deltastêden oer de hiele wrâld wurkje gear yn it inisjatyf Connecting Delta Cities om de gefolgen fan de klimaatferoaring yn goede banen te lieden. Stêden dy't mei elkoar gearwurkje binne ûnder mear [[Djakarta]], [[Rotterdam]], [[Aleksandrje]], [[Ho Chi Minh stêd]], [[New Orleans]], [[New York]], [[Hamburg]] en [[Londen]].
 
== Nederlân ==
Nederlân bestiet foar in grut part út it deltagebiet fan de rivieren [[Ryn]], [[Maas]] en [[Skelde]]. Harren mûningen, dy't meast ferbrede binne ta [[estuarium| estuaria]], lizze yn de provinsjes [[Seelân]] en [[Súd-Hollân]]. Ek de [[Betuwe]], de Bommelerwaard en parten fan it Griene Hert behearden oarspronklik ta de delta fan de Ryn en de Maas. De measte riviertakken kamen net streekrjocht yn de iepen see út, mar yn de sompige lagune efter de Hollânske [[strânwâl]]. De Ryntakken [[Isel]] en [[Fecht (Utert)|Fecht]] foarmen lytse delta's yn de eardere [[Sudersee]].
 
{{Commonscat|River deltas}}