Provinsjale wei 381: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
moat by de tiid brocht wurde
No edit summary
Rigel 1:
{{By de tiid}}
[[Ofbyld:Kaart Provinciale weg 381.png|thumb|Rin fan de N381]]
[[Ofbyld:N381 hoogersmilde.jpg|thumb|De N381 ûnder Hoogersmilde]]
De '''provinsjale wei 381''' of '''N381''' is in wei yn de provinsjes [[Fryslân]] en [[Drinte]]. De dyk rint fan [[Drachten]] nei [[Emmen]]. De wei leit yn it ferlingde fan [[Rykswei 31|A31]]; it begjin is de ôfslach ''Oosterwolde'' fan de [[A7]] by [[Drachten]]; it ein is Emmen. By [[Beilen]] slút de wei oan by de [[Rykswei 28|A28]].
 
De N381 wurdt yn Drinte ek wol de ''Twee Provinciënweg'' (Twa Provinsjeswei) of de ''Frieslandroute'' (Fryslânrûte) neamd. De oanlis fan 'e wei begûn yn 'e fyftiger jierren fan 'e [[20e iuw]] yn Fryslân, en yn [[1975]] waard it lêste trasee yn Drinte iepene.
 
De wichtichste plakken oan de wei binne: [[Donkerbroek]], [[Easterwâlde]], [[Appelskea]], [[Hoogersmilde]], [[Beilen]], [[Westerbork (doarp)|Westerbork]], [[Zweeloo]] en [[Noard-Sleen]].
 
Op de hichte fan Appelskea snijt de N381 it [[Nasjonaal Park Drintsk-Fryske Wâld]].
 
It Drintske part fan de N381 is foar it grutste part in [[streamwei]] mei in maksimum faasje fan 100 km/oere. Fan [[2004]] oant [[2006]] is der grut ûnderhâld dien oan it Drintske part fan de dyk. Alle grûnkrúsings binne derút helle en binne der foarsjennings fan de fauna troffen. Neffens de nije rjochtlinenis der ek in griene streek yn it midden fan 'e dyk oanbrocht. Op 14 oktober 2006 is de dyk offisjeel iepene mei it organisearjen fan in maraton. Dy maraton begûn yn [[Hegersmilde]] en einige yn Emmen.
 
It Fryske part fan Drachten oant de Drintske grins soe omfoarme wurde tusken [[2014]] en [[2016]] ta streamwei. In streamwei hat in maksimum faasje fan 100 mk/oere. In streamwei hat gjin grûnkrúsings mei bygelyks ferkearsljochten, mar alline krusings fan ûngelikense hichte lykas tunnels en fiadukten. Yn [[2009]] is it trasee fan de N381 Drachten - Drintske grins foargoed fêststeld en yn [[2010]] binne de finânsjen ta beskikking steld. Dêrnei is in Provinsjaal Ynpassingsplan (PYP) opsteld. In PYP is in bestimmingsplan op provinsjaal nivo. It PYP is 31 oktober 2012 fêststeld troch de útspraak fan de Ofdieling Bestjoersrjochtspraak fan de [[Rie fan Steat]]. De dyk sil tusken Drachten en [[Donkerbroek]] omboud wurde ta in dyk mei 2x2 rydstripen en it part tusken Donkerbroek en de Drintske grins bliuwt in twastripe.
 
 
== Keppelings om utens ==
* [http://www.n381.cciwns.com/ ''Stichting tot behoud buitengebieden Wijnjewouden en omsrekenomstreken'']
* [http://www.fryslan.nl/sjablonen/1/infotype/dossier/dossier.asp?objectID=15120&dossierID=1153 Fryslan ~ Dossier N381 Drachten - Grins mei Drinte]