Provinsjale wei 381: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
No edit summary
by de tiid brocht
Rigel 13:
It Fryske part fan Drachten oant de Drintske grins soe omfoarme wurde tusken [[2014]] en [[2016]] ta streamwei. In streamwei hat in maksimum faasje fan 100 mk/oere. In streamwei hat gjin grûnkrúsings mei bygelyks ferkearsljochten, mar alline krusings fan ûngelikense hichte lykas tunnels en fiadukten. Yn [[2009]] is it trasee fan de N381 Drachten - Drintske grins foargoed fêststeld en yn [[2010]] binne de finânsjen ta beskikking steld. Dêrnei is in Provinsjaal Ynpassingsplan (PYP) opsteld. In PYP is in bestimmingsplan op provinsjaal nivo. It PYP is 31 oktober 2012 fêststeld troch de útspraak fan de Ofdieling Bestjoersrjochtspraak fan de [[Rie fan Steat]]. De dyk sil tusken Drachten en [[Donkerbroek]] omboud wurde ta in dyk mei 2x2 rydstripen en it part tusken Donkerbroek en de Drintske grins bliuwt in twastripe.
 
== Skiednis ==
Sûnt it ynfieren fan it dyknûmersysteem fan [[1976]] hie de N381, lykas de dyk [[Ljouwert (stêd)|Ljouwert]]-Drachten, de nûmer [[N31]], dy't rûn fan Ljouwert oant de [[N34]] by Emmen.
 
By it ynfieren fan it [[Rykswegenplan 1927|Rykswegenplan]] [[1984]] waard it part fan de N31 tusken Ljouwert en Drachten opnaam as planrykswei 31. Nei it ynfieren fan de [[Wet werferdieling wegebehear]] op 1 jannewaris 1993 kaam de N31 by ferskillende wegebehearders yn behear. It diel, dat yn behear wie by de provinsjes Fryslân en Drinte, waard omnûmere ta N381.
 
It part tusken de oansluting op de N34 en de [[beboude kom]] fan Emmen wie fan [[1981]] ôf nûmere as N364. Yn [[2000]] waard de [[N391]] om Emmen yn de rjochting fan [[Ter Apel]] iepene, dêr't it grutste part fan de N364 syn regionale ûntslutingsfunksje troch ferlear en dêrom waard dat oerdroegen oan de gemeente Emmen. It part fan de N364 tusken de N34 en de komgrins fan Emmen waard part fan de N381.
 
== Keppelings om utens ==