Alkoholisme: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Ofbyld
L red
Rigel 1:
[[File:William Hogarth - Gin Lane.jpg|thumb|''Gin Lane'', fan [[William Hogarth]].]]
[[Ofbyld:Anker Der Trinker 1868.jpg|right|thumb|170px|''De Drinker'', troch [[Albert Anker]] ([[1868]]).]]
'''Alkoholisme''' (ek '''dranksucht''', '''drankslijens''' of '''drankswietens''') is in brede oantsjutting foar de swierrichheden dy't te krijen hawwe mei it ynnimmen fan [[alkohol]]. Yn 'e regel wurdt dermei bedoeld: it fanwegen in [[ferslaving]] sawol oermjittich as twangmjittich ynnimmen fan [[alkohol]]hâldende dranken, resultearjend yn negative gefolgen foar de alkoholist syn sûnens, wurk, priveelibben en sosjale status. De medyske wittenskip beskôget alkoholisme as in sykte. Yn 'e [[psychiatry]] wurde njonken "alkoholisme" noch in pear oare termen brûkt, nammentlike "[[alkoholmisbrûk]]" en "[[alkoholôfhinklikheid]]", dy't justjes oare betsjuttings hawwe.
[[OfbyldFile:Anker Der Trinker 1868.jpg|rightleft|thumb|170px|''De Drinker'', troch [[Albert Anker]] ([[1868]]).]]
 
Alkoholisme is in [[progressive oandwaning]], dy't de slachtoffers yn 'e regel almeast stadichoan bekrûpt, en wat langer wat slimmer wurdt. Faak begjint it mei in "slokje foar de gesellichheid" út en troch, wêrby't meitiid de frekwinsje fan 'e drinkmominten almar tanimt, oant de persoan yn kwestje (of syn om-en-by) op in stuit ta it besef komt dat er net mear (of net mear goed) sûnder alkohol funksjonearje kin. Syn hâlden en dragen sil dan yn hieltyd sterkere mjitte beynfloede wurde troch drank, wat liede kin ta bgl. plichtsfersom, ferwaarleazging (fan bern, húsdieren, ensfh.), opsternatens, [[húslik geweld]] en ûnthâldsstoarnissen. Om as alkoholist wer fan 'e drank ôf te kommen is dreech, mei't men dan, lykas by alle slimme ferslavings, pynlike en tige ferswakjende ûntwenningsferskynsels oerwinne moat.