Frjentsjerter Krante: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Holder (oerlis | bydragen)
L corr using AWB
Rigel 18:
| webside = [http://www.franekercourant.nl/ www.franekercourant.nl]
}}
De '''''Frjentsjerter Krante''''' ([[Nederlânsk]] en offisjeel: '''''Franeker Courant''''') is in [[Nederlânsk]]talige [[krante]] dy't fergees as [[hûs-oan-hûsblêd]] ferspraat wurdt yn [[Frjentsjer]] en omlizzende dielen fan noardwestlik [[Fryslân]].<ref name="fc">{{Berjocht:Fuotnoat|''Franeker Courant'', 23 maaie 2018, jg. 232, wike 21, s. 1}}</ref> It [[tydskrift|blêd]] waard yn [[1786]]<ref name="fc"/> oprjochte en wie oarspronklik in 'echte' krante, hoewol't it al foàr de [[Twadde Wrâldoarloch]] fergees hûs oan hûs besoarge waard. Yn [[oktober]] [[1981]] is it ''[[Frjentsjerter Nijsblêd]]'' yn 'e ''Frjentsjerter Krante'' opgien, en om [[1983]] hinne ek it ''[[Harnzer Nijsblêd]]''.<ref>[http://lijsten.kb.nl/lijst.htm?kranten Krantekatalogus fan 'e Keninklike Bibleteek.]</ref>
 
Tsjintwurdich is de ''Frjentsjerter Krante'' in [[publikaasje]] fan 'e [[NDC Mediagroep]],<ref name="fc"/> krekt as û.m. de ''[[Ljouwerter Krante]]''. It blêd berjochtet oer [[nijs]], [[kultuer]] en [[sport]] yn it ferspriedingsgebiet, wêrby't benammen in protte oandacht skonken wurdt oan 'e [[stêd]] [[Frjentsjer]] sels. De rest fan it ferspriedingsgebiet beslacht de [[gemeente (bestjoer)|gemeenten]] [[De&nbsp;Waadhoeke]] en [[Harns (gemeente)|Harns]]. Sûnt [[1&nbsp;jannewaris]] [[2018]] wurde ek de offisjele meidielings fan gemeente De&nbsp;Waadhoeke yn 'e krante publisearre.