F.F.J. Bernlef: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
No edit summary
Swarte Kees (oerlis | bydragen)
st
Rigel 5:
Bernlef is oprjochte yn [[1925]] nei in oprop fan Ruerd Heech yn de ''Der Clercke Cronike'', de foargonger fan de notiidske ''UniversiteitsKrant''. De feriening is oprjochte as in Studinteselskip foar [[Frysk|Fryske]] Stúdzje, mei as doel it behâld en it befoarderjen fan it Frysk-eigene ûnder de Fryske studinten yn Grins. De namme ferwiist nei de Fryske bard [[Bernlef (bard)|Bernlef]].
 
Troch de jierren hinne hat Bernlef gâns feroaringen meimakke. In konstante is de striid binnen Bernlef tusken de minsken dy't serieus mei it Frysk dwaande wolle en de minsken dy't it leaver wat geselliger mei-inoar hawwe wolle. Yn [[1956]] krige Bernlef in eigen ferieningsblêd, ''De Harpe'', al hiet it earste nûmer noch ''De Klok''. Dit blêd is no it poadium dêr't de minsken de striid tusken Fryske stúdzje en geselligens foartsettefuortsette. Ek is Bernlef fan in swalkjend bestean yn ôfhierde kroegen of mei jûnen yn oare ferienings har pânen nei in fêst bestean mei in eigen pân gongen. Yn [[1971]] is Bernlef yn it pân ''De Pizel'' oan de râne fan de binnenstêd fan Grins lutsen en tusken al de ferbouwings en oanpassings troch is it it fêste, smûke plak fan de feriening wurden.
 
==Hjoeddeisk==