Jonge: ferskil tusken ferzjes
Content deleted Content added
L [[]] |
L corr using AWB |
||
Rigel 2:
In '''jonge''' is in jonge [[minske]] fan it [[man (sekse)|manlik]] [[geslacht (sekse)|geslacht]]. Dizze term wurdt algemien brûkt foar manlike [[bern (persoan)|bern]] oant likernôch 15 jier, mar ek foar [[jongfolwoeksene]]n oant rûchwei 20 jier. Dêrnei wurdt deselde persoan omskreaun as in [[man (sekse)|man]]. Yn it spraakgebrûk fan 'e [[âlderein]] op jierren kin lykwols eltse man oant wol 50 jier in 'jonge' wêze. Yn ferhâlding ta syn [[âlden]] is in jonge in [[soan]]. As it om in jonge jonge giet, sprekt men mei in [[ferlytsingsfoarm]] ek wol fan in '''jonkje''' of (argaysk) '''boaike'''.
Dy lêste foarm komt fan '''boai''',<ref>{{
De [[frou]]like wjergader fan in jonge is in [[famke]]. It dúdlikste ferskil tusken in jonge en in famke wurdt foarme troch harren útwindige [[geslachtsorgaan|geslachtsorganen]]: in jonge hat in [[penis]] en [[testikel]]s, wylst in famke oer in [[fagina]] beskikt. [[Sekundêre geslachtsskaaimerken]], lykas (foar jonges) gruttere lichemslingte, sichtberder [[spier]]en, gruttere [[hier (begroeiïng)|hiergroei]] oer frijwol it hiele lichem, it groeien fan [[burd]] en [[snor]] en in leechtoaniger [[stim]], dogge har pas yn 'e [[puberteit]] foar, rûchwei tusken de 12 en 16 jier. It is lykwols mooglik dat, los fan harren lichaamlike [[geslacht (sekse)|geslacht]], [[ynterseksualiteit|ynterseksuële]] bern mei ambiguë geslachtsdielen en [[biology]]sk froulike [[transseksualiteit|transseksuële]] bern ek klassifisearre wurde as jonge of harsels as sadanich identifisearje. Jonges en famkes wurde yn in protte minsklike [[kultuer]]en ferskillend [[opfieding|grutbrocht]] by wize fan tarissing foar harren takomstige rol as [[folwoeksen]] lid fan 'e [[maatskippij]]. Dêrby krije jonges yn 'e regel mear kânsen en genietsje se mear frijheden as famkes.
|