Sjûkelân: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
oanf
Holder (oerlis | bydragen)
L corr using AWB
Rigel 1:
[[File:Kaatsen Franeker.JPG|thumb|right|300px|In foto fan it Sjûkelân mei de twa tuorren. Op de eftergrûn de [[Foarstrjitte (Frjentsjer)|Foarstrjitte]] en fierderop de [[toer (bouwurk)|toer]] fan 'e [[Martinytsjerke (Frjentsjer)|Martiny-tsjerke]]. Rjochts dêrnjonken it koepeltuorke fan it [[Martenahûs (Frjentsjer)|Martenahûs]].]]
It '''Sjûkelân''' is de algemien brûkte beneaming foar it ferneamde [[Keatsen#It_fjild|keatsfjild]] yn 'e [[Fryslân|Fryske]] [[stêd]] [[Frjentsjer]], dêr't sûnt [[1856]] elts jier op 'e fyfde [[woansdei]] nei [[30&nbsp;juny]] de [[PC]] holden wurdt.<ref name="neff Sjûkelân">{{Berjocht:Fuotnoat|{{Berjocht:NEfF|2416}}}}</ref> It leit yn 'e [[Frjentsjer]]ter [[binnenstêd]], oan 'e [[noard]]kant fan 'e [[Fiverstrjitte (Frjentsjer)|Fiverstrjitte]], rjocht foar de ôfslach nei de [[Foarstrjitte (Frjentsjer)|Foarstrjitte]] oer.<ref>――, ''100.000+ Stratenboek'', Rotterdam (Shell Nederland Verkoopmaatschappij B.V.) / Eindhoven (Suurland Falkplan B.V.), 31e druk, 1995, kaart 83.</ref>
[[File:PC kaatsen Franeker 02.JPG|thumb|left|250px|De tuorren fan it Sjûkelân fan tichtby.]]
 
Op dat plak stie fan [[1449]] ôf it [[Sjaerdemaslot]], in foar Fryske begripen frij grut [[kastiel]]. Doe't dat yn [[1712]] ôfbrutsen waard, hat men it terrein ûnbeboud litten.<ref>{{Berjocht:NEfF|2415}}</ref> Oan 'e eastlike râne fan it fjild stiet [[De Bogt fen Guné]], it âldste [[kafee]] fan Nederlân, datearjend út [[1641]], dat earder fral oandien waard troch [[studint]]en fan 'e [[Universiteit fan Frjentsjer]], mar dat him nei de sluting fan dat [[ynstitút]] yn [[1811]] ûntjûn hat ta it keatskafee by útstek.<ref>{{EvF|Bogt fan Guné}}</ref>
 
It Sjûkelân is ferneamd nei in [[achttjinde-iuwsk]]e [[hier]]der, [[kastlein]] [[Nicolaas Sjoek]].<ref name="neff Sjûkelân"/> De offisjele namme fan it [[fjild]] is eins ''Sternse Slotland'',<ref name="neff Sjûkelân"/> mar dy oantsjutting wurdt suver nea brûkt, hoewol't er noch wol weromkomt yn 'e namme fan 'e Frjentsjerter [[Showband Sternse Slotlanders]].<ref>――, ''Showband Sternse Slotlanders'', yn: de ''[[Frjentsjerter Krante]]'', 27 juny 2018, s. 47.</ref> De beneaming ''Sternse Slotland'' giet werom op [[Karel fan Sternsee]], in [[santjinde-iuwsk]]e bewenner fan it Sjaerdemaslot.<ref name="neff Sjûkelân"/> Mei it 150-jierrich bestean fan 'e PC, yn [[2003]], waarden op it Sjûkelân by wize fan [[tinkteken]] twa [[toer (bouwurk)|tuorren]] pleatst.<ref>[https://www.pc-franeker.nl/index.php/it-sjukelan ——, ''It Sjûkelân'', op 'e webside fan 'e PC.]</ref>