Brielle: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
LNo edit summary
LNo edit summary
Rigel 2:
'''Brielle''', ek wol '''Den Briel''', is in stêd en gemeente yn de Nederlânske provinsje [[Súd-Hollân]] dat leit op it eilân Voorne. De gemeente beslacht 31,32 km² wêrfan’t 3,71 km² wetteroerflak is. Neist de stêd Brielle lizze yn de gemeente Brielle ek de doarpen Vierpolders en Zwartewaal. Brielle hat 12.160 ynwenners. De gemeente is ûnderdiel fan it gearwurkingsferbân Stedsregio Rotterdam en de Metropoalregio Rotterdam-De Haach.
 
Brielle leit oan de Brielske Mar, in ôfdameôfdamme stik fan de [[Maas]] dat as rekreaasjegebiet ûntwikkele is. It leit oan de eastkant fan de âlde fargeul Brielske Gat.<ref>[http://www.debrielsemaasmond.nl/ ''Geschiedenis van de Maasmond'' debrielsemaasmond.nl]</ref> Oant [[1700]] waard dat wetter brûkt as ferbining nei Rotterdam, dêrnei waard it troch fersâning minder goed befarber. It Goereeske Gat wie in alternatyf.
 
== Skiednis ==
Brielle, yn de midsiuwen de fyfde stêd fan it gewest Hollân, is in âlde festingstêd en it bekendste beafearstplak fan Súd-Hollân. De foar it meastepart santjinde iuwske festing fan Brielle is in ryksmonumint en ien fan de bêst bewarre ferdigeningswurken fan Nederlân.
 
De namme giet werom op it Keltyske wurd 'brogilo' ('ynsletten gebiet, jachtgebiet') en út âlde geskkriftengeskriften blykt, dat de hjoeddeiske lokaasje 'de nije Briel' is. Yn de 11e en [[12e iuw]] bestie Voorne út in pear lytse en grutte eilantsjes. Op dy eilannen fêstigen har boerefamyljes. Se ûntgûnen feangrûnen dy’t se dêrnei yn gebrûk nommen foar lânbou en feehâlderij, mar dizze gebieten oerstreamden geregeldwei troch de Noardsee en de [[Maas]]. De boerefamyljes leine dêrom diken oan sadat se yn dy gebieten dochs wenjen bliuwe koene. Troch de oerstreamings waard it ûntgûne lân in eilân en sa ûntstie stadichoan Brielle. De Grutte of Sint-Catharijnetsjerke waard boud en in soad kleasters ûntstiene dêr’t de stêd fierder omhinne boud is.
 
{{Boarnen|boarnefernijing=