Grêfhichte: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
LNo edit summary
Rigel 7:
Grêfhichten komme oaral yn de wrâld foar.
 
== Nederlân ==
Yn Nederlân binne hûnderten grêfhichten, de âldste binne likernôch 5000 jier lyn oanlein by [[Apeldoorn]]. Op de [[Feluwe]] en yn [[Drinte]] binne ek noch in protte grêfhichten út de brûnstiid te finen. Yn Nederlân stean ''tumuli'' op de list fan [[archeology|archeologyske monuminten]]. Se genietsje beskerming neffens de [[monumintesoarch|monumintewet]].
 
In fan de grutste en heechste grêfhichten hjirre is de Swarte Berch (of Smousenberch) en dy leit yn de [[NederlandNederlân]]ske [[provinsje]] [[Noard-Brabân]], oan de Groenstraat by it doarp [[Hoogeloon]] (gemeente [[Bladel]]).
 
Yn it Limburgske [[Meerlo]] leit in tumulus út de lette [[brûnstiid]] it [[Pieterpaad]] bylâns. Dêr binne [[urn]]en mei oerbliuwsels fan teminsten 100 deaden fûn. De datearing dêrfan wie net goed te dwaan.