Spoar fan Ljouwert nei Grins: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
LNo edit summary
[[]]
Rigel 1:
It '''spoar fan Ljouwert nei Grins''' bestiet sûnt 1 juny 1866. De ferbining wie eartiids ûnderdiel fan de steatsline B, dtydy't fan Harns nei Nijeskâns rûn. It spoar fan Ljouwert nei Grins hat in lingte fan 54 kilometer. Oan it spoar lizze de stasjons [[Stasjon Ljouwert|Ljouwert]] - Ljouwert Kammingabuorren - [[Stasjon Hurdegaryp]] - [[Stasjon Feanwâlden]] - [[Stasjon De Westereen]] - [[Stasjon Bûtenpost]] - Grijpskerk - Súdhorn en Stasjon Grins.
 
De spoarferbining is in desintraal spoar, dat wol sizze dat it net falt ûnder de ferantwurdlikheid fan in Ministearje fan Ferkear en Wettersteat, mar dat it falt ûnder in desintrale oerheid. Dat binne yn dit gefal de provinsjes [[Fryslân]] en [[Grinslân]]. De ferfierskonsesje is yn hannen fan [[Arriva]]. Dêrmei hat Arriva it allinnerjocht om op it trajekt treinen ride te litten.
 
It spoar waard inkelspoarich oanlein en is net elektrifisearre. Letter waard besluten om it spoar te ferdûbeljen. Doe't bliken die dat ferdûbeljen oer de hiele lingte te djoer wie, is allinnich it stik [[Feanwâlden]] - [[Grijpskerk]] ferdûbele (sa'n 30 kilometer). Op dit stik fan it spoar jildt in maksimum snelheid fan 140 kilometer it oere. It spoar Ljouwer-Grins is befeilige mei ATB-NG. Op it spoar sûnder boppelieding ride Switserske Spurt-dieseltreinen.
 
{{Boarnen|boarnefernijing=
Rigel 9:
}}
[[Kategory:Spoar yn Fryslân]]
[[Kategory:Spoarwegen yn Nederlân]]