Rhythm and blues: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
LNo edit summary
LNo edit summary
Rigel 4:
Rhythm-and-blues wie ien fan de foargongers fan [[rock-'n-roll]]. It befette sterke ynfloeden út de [[jazz]], [[jumpblues]] en [[gospel]], mar beynfloede op syn beurt ek de jazz. Rhythm-and-blues, [[blues]] en gospel waarden kombinearre mei [[bebop]] om [[hardbop]] te meitsjen.
 
In soad muzikanten makken jazz en Rhythmrhythm-and-blues, lykas de [[Swing (stylperioade)|swingbands]] fan [[Jay McShann]], [[Tiny Bradshaw]] en [[Johnny Otis]]. [[Count Basie]] hie wyks in Rhythm-and-blues-live-útstjoering fanút [[Harlem]]. It ikoan fan de bebop, [[Tadd Dameron]], makke muzyk foar [[Bull Moose Jackson]] en wie twa jier lang syn pianist, neidat hy himsels ta de bebop tawijd hie.
 
De measte Rhythm-and-blues-muzikanten wienen jazzmuzikanten en in soad muzikanten op [[Charlie Mingus]]' bekende jazz-opnames wienen Rhythm-and-blues-professionals. [[Lionel Hampton]] syn [[bigband]] fan it begjin fan de [[1940-1949|jierren 40]] lei de basis foar in soad poplegindes fan de [[1950-1959|jierren 50]].
 
De perioade jierren 50 wie it begjin fan de klassike Rhythm-and-blues. De bekende [[Chuck Berry]] wie ien fan dizze Rhythmrhythm-and-blues-gitaristen. Oerlaapjend mei oare sjenres as jazz en rock-'n-roll ûntwikkele Rhythm-and-blues regionale spesjalisaasjes. In sterke streaming lâns de "blues-kant" kaam fan [[New Orleans (stêd)|New Orleans]] en wie basearre op in floeiend piano-spul, lansearre troch [[Professor Longhair]]. Oan de ein fan de jierenjierren 50 skoarde [[Fats Domino]] mei "Blueberry Hill" en "Ain't That a Shame". Oare artysten dy't in [[Louisiana (steat)|Louisiana]]-touch joegen oan RnB wienen ûnder oare [[Clarence Henry]], [[Frankie Ford]], [[Irma Thomas]], [[The Neville Brothers]] en [[Dr. John]].<br />
Oan it begjin fan de [[1960-1969|jierren 60]] naam Rhythm-and-blues mear en mear ynfloeden oer fan gospel mei artysten as [[Ray Charles]], [[Sam Cooke]], [[James Brown]] en [[Aretha Franklin]], en krige it de namme [[soul]]. Barry Pearson skreau dat dit in namme wie dy't troch de swarte mienskip oan de muzykyndustry oplein waard. Hoe dan ek, in goede 10tsien jier letter hie de Rhythm-and-blues in echte comeback. Yn de rin fan de jierren sechtich kamen der mear blanken dy't it label Rhythm-and-blues op harren muzyk plakten (en soms ek ''blue-eyed soul'', wylst it earder op de rock-'n-roll like), lykas [[The Yardbirds]], [[The Rolling Stones]], [[The Pretty Things]], [[The Small Faces]], [[The Animals]], [[The Spencer Davis Group]] en [[The Who]].
 
== Sjoch ek ==