Jeropeesk Buro foar Lytse Talen: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
LNo edit summary
LNo edit summary
Rigel 3:
It Jeropeesk Buro hat in ynformaasjesintrum yn [[Brussel (stêd)|Brussel]], dat in koördinearjende funksje hat. Dit sintrum is ferantwurdklik foar in rige publikaasjes yn en oer ferskate minderheidstalen. It ynformaasjesintrum fiert tagelyk in lobby by de Jeropeeske politike top foar subsydzjes en minderhedenpolityk. Ta de aktiviteiten fan it Jeropeesk Buro hearre foarljochtingsgearkomsten op de jierlikse [[Jeropeeske taledei]], [[23 april]]. Fierder wiist it Jeropeesk Buro ynstellingen dy't mei minderheidstalen wurkje op subsydzjemooglikheden en bemiddelt it by subsydzjeoanfragen. It Jeropeesk Buro jout de periodyk 'Contact Bulletin' út en beheart ûnder de namme '''Eurolang''' in parseburo oer minderheidstalen.
 
De kosten fan it Buro waarden oant ein jierren '90 foar it meastepart foldien mei subsydzjes fan de Jeropeeske Uny. Troch it weifallen fan de strukturele subsydzjes foar minderheidstalen yn de Jeropeeske Uny is it Jeropeesk Buro ein jierenjierren '90 yn finansjele problemen rekke, wêrtroch't it eardere koördinaasjesintrum yn [[Dublin]] sluten wurde moast. De taken fan dat sintrum binne foar it meastepart troch it Brusselske ynformaasjesintrum oernomd.
 
It Jeropeesk Buro hat yn alle lidsteaten fan de EU dy't minderheidstalen binnen harren grinzen hawwe in lidsteatkommisje. Dizze kommisje bestiet út fertsjintwurdigers fan organisaasjes dy't mei de minderheidstalen út de betreffende lidsteat te krijen hawwe. De lidsteatkommisjes fersoargje binnen de lidsteat foarljochting oer de Jeropeeske minderheidstalen, en bringe oan de oare kommisjes en oan it ynformaasjesintrum ferslach út fan de minderhedenpolityk yn harren steat.