Roarik: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L red
LNo edit summary
Rigel 2:
'''Roarik''', ek wol '''Roerik fan Dorestêd''' of '''Hrörek''' wie in [[Denemarken|Deenske]] [[Wytsing]] dy't tusken [[850]] en [[880]] hearske oer in grut part fan [[Nederlân]], dat yn dy tiid [[Frisia]] (Fryslân) neamd waard. Hy krige fan de Frankyske kening in grut gebiet yn lien dat te westen fan it [[Fly]] lei oant-en-mei ''Flakkee'' it tsjintwurdige [[Hjerringfliet]]. Dêrom wurdt er as in ''[[Fryske greve]]'' beskôge, mar it kin ek sa west ha, dat er himsels [[kening (titel)|kening]] fan Fryslân neamde.
 
== Komôf ==
Roarik waard om [[810]] hinne berne yn [[Jutlân]], (Denemarken) as soan fan kening [[Anulo]] fan it skaai [[Hedeby|Haithabu]]. Hy hie in broer dy [[Harald II|Harald]] hiet en sy wienenwiene neven fan [[Harald I]], greve fan Riustringen.
 
Yn harren jonge jierenjierRen dienendiene Roarik en Harald mei oan ferskate Wytsingen plondertochten. Yn [[836]] plonderen sy de delsettingen ''Antverpia'', [[Deurne]] mei har Benediktiner [[kleaster]], [[Merksem]], [[Ranst]] en [[Broechem]]. Fan it ferwoaste ''Antverpia'' liet Roarik in typyske Wytsing-ringwâlfesting meitsje.
 
De Frankyske keizer [[Loadewyk de Fromme]] besocht Roarik en syn broer Harald fan plonderjen ôf te hâlden en joech harren yn it kader fan de kustferdigening wichtige militêre amten, Roarik te [[Doarestêd]] en Harald te [[Walcheren]].
 
== Greve fan Fryslân ==
Doe Loadewyk de Fromme yn [[840]] ferstoar liet hy syn ryk efter oan syn soannen [[Lotarius I]], [[Loadewyk de Dútser]] en [[Karel de Keale]]. Lotarius I dy't as iennichste de keizertitel droech, liet fuortendaliks Roarik finzen nimme op beskuldiging fan heechferried. Dizze koe lykwols ûntkomme en fûn in gastfrij ûnderdak by Loadewyk, dy't him yn [[841]] it eilân [[Wieringen]] yn lien tawiisde.
 
Rigel 20:
Doe't ek de Friezen tsjin de hearskippij fan Roarik yn opstân kamen ([[864]]), moast hy tydlik Fryslân ferlitte. Mar Roarik socht tanadering by de Frankyske keningen [[Karel de Keale]] en [[Loadewyk de Dútser]] en waard yn [[870]] fan beiden in [[fazal]] en krige dêrtroch syn Fryske lien werom. Hy bekearde him ta it [[kristendom]] en kaam te ferstjerren yn [[880]]. Hy waard opfolge troch [[Godfried de Wytsing|Godfried]], de soan fan Harald.
 
== Literatuer ==
* Gerlof Verwey, ''Geschiedenis van Nederland'', Amsterdam, 1995, siden 101 en 102.