Jan fan Arkel (biskop): ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
kt
LNo edit summary
Rigel 8:
De posysje fan it Sticht waard hjirtroch wer sterker en makke nije aksjes tsjin Hollân mooglik. Mei steun fan de stêd waarden yn [[1346]] Hollânske steunpunten as [[Iemnes]] en [[Iselstein]] oanfallen en yn [[1348]] rekke hy yn de slach mei Hollân en Gelre. Al dizze aksjes kosten lykwols mear as Jan betelje koe, en hjirtroch rekke hy no yn de problemen. Sa moast hy [[Frederik fan Eese]], dy't him holpen hie de Sutfenske baanderhear [[Gijsbrecht fan Bronkhorst]] te ferslaan, it heule [[Oersticht]], op [[Follenhove]] nei, yn pân jaan. It oare jier waarden ek Follenhove en it [[Nedersticht]] ferpâne. Boppedat kaam der in mandaat fan de paus om beslach te lizzen op Jan syn tafelgoederen, om dêrmei efterstallige [[servysjen]] te foldwaan.
 
Jan luts him werom yn Grenoble, mar yn [[1351]] kaam hy werom en wist yn de kommende jierenjierren syn posysje werom te winnen en syn gesach yn it bisdom te werstellen. Hy trede nochris op tsjin lestige kastielhearen en rôfridders, wêrby't ferskate strategysk lizzende kastielen yn Utertske hannen kamen. Binnen de stêd waard stabiliteit skepen troch de ferbanning fan de Hollângesinde partij fan de [[Gunterlingen]]. Nei in lêste kampanje tsjin Hollân yn [[1355]]-[[1356]] waard earst de frede tekene: it Nedersticht wie ûnder kuratele fan de graaf útkomd en de rôfridders wiene oanpakt.
 
It [[Sticht Utert|Sticht]] stie der no better foar as yn't it yn tiden west hie. It gefolch is al dat de stêd hieltiten mear macht krigen hie yn ruil foar finansjele steun oan de militêre operaasjes. Se begûn in mear selsstannige koers te farren.