Maastricht: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
LNo edit summary
Rigel 10:
Mei it ôflitten fan it [[kalvinisme]] troch de noardlike Nederlannen bleau Maastricht, krekt as de wide omkriten, katolyk. By de [[Frede fan Münster]] yn [[1648]] kaam Maastricht yn in enklave tusken it Spaansk en Keulsk gebiet te lizzen. As katolyk gebiet hie dy enklave gjin stim yn de Steaten-Generaal. In [[1794]] is Maastricht troch Frankryk beset.
 
Doe't yn [[1815]] it [[Keninkryk fan 'e Nederlannen]] oprjochte waard, waard Maastricht de Haadstêd fan in nije provinsje, dy't eerstearst ek ''Maastricht'' hjitte soe mar letter ''Limburch'' neamd waard. Dy besloech it moderne Nederlânske en [[Belgysk Limburch|Belgyske Limburch]]. Yn [[1830]], doe't de súdlike Nederlannen har ofskieden, keas hiel Limburch de kant fan [[Belgje]]. Yn Maastricht wie in garnisoen Nederlânske soldaten, wêrtroch't de stêd foar Nederlând behâlden waard en men yn [[1839]] besleat de provinsje Limburch yn twa stikken op te dielen.
 
No't Maastricht sa yn in hoekje lei koe it him net wer ekonomysk ûntwikkelje. Wol kamen der in pear fabriken, mar noch altiten libbe twa tredde oant trije kwart fan de befolking sûnder wurk en fier ûnder de earmoedegrins. Earst nei 1900 ûntwikkele de stêd him better en waard it ek in echte Nederlânske stêd, foaral mei it Noarden ferbûn.