Beetstersweach: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
LNo edit summary
Rigel 15:
Beetstersweach wie eartiids in foarnaam doarp fanwege har [[adel]]ike bewenners. Ek no noch hat it doarp in foarneam karakter; mids bosken en heidefjilden en mei in soad histoaryske huzen en moai oanleine tunen yn de buorren. De buorren binne teminsten trije-en-in-heale iuw âld en de histoaryske pannen tsjûgje fan de rike adel yn de 18e en 19e iuw. In foarfaar fan dy aadlike famyljes is [[Teije Eabels]] dy’t yn de earste helte fan de [[16e iuw]] yn [[Duerswâld]] wenne. Guon út syn neiteam waarden troch it grutgrûnbesit [[grytman]].
 
Beetstersweach is in [[lintdoarp]], ûntstien op in sânrêch dy ‘t fan [[Ald Beets]] oer Beetstersweach yn de rjochting Drachten rint. It is fan’t westen út, fan Beets ôf, útgroeid ta in delsetting dêr ‘tdêr‘t adel en patrisiaat harren bûtens bouwe lieten. Yn 1622 neamde Pier Winsemius it : ''een clein dorp in zijn begrijp, tamelyck vruchtbaer, maer verciert met een schone wei behuysde ende bestrate gebuyrte''. Yn alle gefallen stienen dêr yn de twadde helte fan de [[17e iuw]] al fjouwer bûtens.
 
=== 18e iuw ===
Ein 18e iuw is De Sweach it fernaamstefoarnaamste doarp fan de gritenij en dêr stekt de 'Tegenwoordige Staat van Friesland' de loftrompet oer:''Beetsterzwaag, een aangenaam en vermaaklyk Dorp, is van rondom met allerlei geboomte beplant en heeft een zeer schoone en bestraate buurt, waarin vercheiden treflyke huizen gevonden worden, onder welke nogthans uitmunt het schoone gebouw, dat is gesticht door wylen den Heere Martinus Fokkens, weleer Grietman van Opsterland, staande op het Westeinde ten Noorden van de buurt. Niet verre van daar zag men ook, in voorige dagen, een schoon huis, voorzien met een ruim Hornleger, beplant met voortreflyke Eiken boomen, doch die voor weinige jaaren zijn uitgeroeid, terwyl ook ‘t huis zelf thans van zyn voorig aanzien versteeken is, het draagt den naam van oud Fokkens en tegen over ‘t zelve staat ook nog een aanzienlyk en aangenaam gebouw, dat weleer bewoond werd door den Heere Saco van Teiens, in leeven Gedeputeerde Staat ten Landsdage. Wylen de Raadsheer Ayso van Boelens heeft hier ook veele jaaren gewoond op een schoone plaats''.
 
Yn [[1788]] stie de tsjerke al oan de noardkant fan de hjoeddeiske Haadstrjitte. Ek yn [[Ald Beets]], stie in tsjerke. De elite keas benammen foar dizze kontreien om de rêst en de bosken. Leanen en fersprate boskjes fûn men doedestiids al yn Beetstersweach, mar fan it begjin fan de 18e iuw ôf, begûnen de grutgrûnbesitters bosken oan de plantsjen op de heide en mear rendearjende lânderijen. It doarp ûntjoech him ta in eptich doarp foar de elite. By de âlde Hearenwei lâns wie yn de kearn sletten bebouwing ûntstien en oan de west- en eastkant stienen de bûtens yn farieard oanleine lânguodden.