Ferskil tusken ferzjes fan "Brûnstiid"

14 bytes grutter ,  1 jier lyn
[[]]
L
([[]])
{{Trijeperioadesysteem}}
[[Ofbyld:Collier de Penne.jpg|thumb|250px|Halskeatling Brûnstiidfan brûns - [[:fr:Muséum de Toulouse|Muséum de Toulouse]]]]
De '''brûnstiid''' is it tiidrek tusken (sa. [[30e iuw f.Kr.|3000]] oant [[8e iuw f.Kr.|800 f.Kr.]]) en dat folget op it [[Neolitikum]]. Der wurdt ek wol ûnderskied makke mei de [[kopertiid]], dat noch tusken it neolitikum en de brûnstiid leit. Mar meastal wurdt dat tiidrek rekkene ta de nije stientiid. Yn Nederlân binne net folle koperfynsten dien. Inkeld op de [[Feluwe]] is wat fûn, lykwols wienen dat útsonderings. Nei de brûnstiid komt it tiidrek fan de [[Izertiid]].
 
 
== Grêfheuvels ==
[[Grêfheuvel]] binne meast opboud út omkeard lizzende heideseadden (de heidefjilden moatte sûnt de iere Brûnstiid as sletten formaasje opkomd wêze). De deaden krije suver hast gjin grêfjeften mei. It ûndersyk mei de skeppe is dus tige foarsichtich dien wurde, want it grêfritueel hâlde in soad yn. [[A.E. van Giffen]] ûndersocht yn [[1928]] de Biesterveldheuvel by [[De Knolle]]. Yn it Frysk Museum is hjirdêr in makette fan. De foet fan de seaddeheuvel lei mids in twafâldige, ticht stelde peallekrânse mei fierder oan de binnenside in staketsel fan ticht by inoar setten pealtsjes, wierskynlik eartiids mei flechtwurk ferbûn. In ynspringend gedielte oan de noardwestkant fan de dûbele peallekrânse wiist op in letter ôfsûnderlik tichte yngong fan it begraafplak. DitDat ynspringende diel komt oerien mei in iepening yn it staketsel. DizzeDy blokkearre yngongen skine de deaden fan de libbenen ôfslute te moatten. De deaden út de iere Brûnstiid waarden meast bysetten yn mei fjoer útholle beamkisten dy't yn djippe grêfskachten leinen. Dêrneist kaam ek al gau de [[lykferbaarning]] yn swang. De lange foarm fan it grêf bleau ynearsten. DizzeDy foarm fan begraven is út de midden Brûnstiid. Dêrnei wurdt de grutte fan de lykkûle lytser. De grêfheuvels út de Brûnstiid waarden ornaris wer brûkt foar lettere bysettings (meastentiid yn de râne). Sa kin soksoarte begraafplak útgroeie ta in begraafplak foar de hiele famylje of groep. Ek yn de brûnstiid kamen der stees wer oare befolkingsgroepen nei Fryslân ta. Yn it lêst fan de brûnstiid komt it saneamde urnefjildefolk, dat syn deaden ferbaarnde. Dizze minsken dienen de jiske yn urnen en setten dizze by yn in kûltsje dêr't se dan in rûn greppeltsje omhinne makken. De grûn hjirút waard opsmiten ta in heuveltsje oer it grêf. Soksoarte urnefjilden mei greppelrûnten wurde nekropoalen neamd. Van Giffen hat in moai foarbyld ûntdekt by [[Easterwâlde (Fryslân)|Easterwâlde]] (1925). Dizze urnefjilden út de lêste brûnstiid komme ek foar yn de Foarromeinske izertiid. ( ± 800 f.Kr. oant it begjin fan de jiertelling) By it iere urnefjildepotguod falle earst de glêde sauste foarmen op, letter ek kartelrânige urnen fan it saneamde Harpstedter-type
 
== Keppeling om utens ==
82.746

bewurkings