Snaffel: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
LNo edit summary
Rigel 3:
 
== Bou ==
De snaffel fan in fûgel bestiet út hoarnich materiaal en hat yn de rin fan de [[evolúsje]] fan de fûgels de kaken en tosken ferfongen. Tosken binne yn ferhâlding swier en foar in dier dat trochgeans fleant is it wichtich om sa licht mooglik boutboud te wêzen. Guon fûgelsoarten hawwe lytse kartels oan de snaffel dy't oan [[tosk]]en tinken dogge.
 
== Ite ==
In fûgel brûkt syn snaffel ûnder oaren om iten te pakken, mar troch it ûntbrekken fan tosken is it kôgjen ferfongen troch in tal oare funksjes.
Guon fûgels hawwe in krop, in útstyksel fan de [[slokterm]] op de hichte fan de [[kiel]] dêr't de earste fasefaze fan de [[spiisfertarring|fertarring]] plak fyntplakfynt. Dernei giet it iten nei de [[mage]].
Sieditende fûgelsoarten slokke stientsjes troch, dy't yn de mage helpe it iten te fermeallen. Fleisiters slokke grutte parten fan harren proai yn ien kear troch en spuie de net te fertarren dielen, sa as bonken en hier, wer út yn de foarm fan braakballen.