Abdij fan Westminster: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
No edit summary
LNo edit summary
Rigel 41:
[[File:Layout Of Westminster Abby.svg|thumb|left|250px|''Plattegrûn fan Westminster Abbey'']]
[[File:VIEW , ®'s - DigiGraf - Ð - ┼ , City of WESTMINSTER GREATER LONDON ENGLAND - panoramio (5).jpg|thumb|260px|''Eastlike Marijekapel (1503-1519'']]
Neffens in leginde soe de tsjerke werom gean op de stifting fan in abdij op in eilân yn de [[Teems]] ûnder kening Sæberht fan Esseks, doe't in fisker in fizioen hie oer [[Petrus]]. Yn de tiid fan Edward de Belider waard de abdij yn [[Normandyske arsjitektuer|Normandyske]] styl ferboud (1045-1065). Op 28 desimber 1065 waard de [[Benediktinen|benediktynske]] delsetting ynwijd. De kening sels wie doe al te siik om de plechtigheidplechtichheid by te wenjen en waard nei syn dea yn de tsjerke byset. It iennige ôfbyld fan dy earste abdij stiet op it fernemade [[Tapyt fan Bayeux]]. De lokaasje tichteby it keninklike paleis fan Westminster, it bestjoerssintrum fan it lân, droech by oan macht dy't de abt en de muontsen tafoel yn de iuwen nei de Normandyske oermastering.
 
De goatyske ferbouwing yn de styl fan de Frânske heechgotyk fan de abdij sette fanôf 1245 ûnder kening [[Hindrik III fan Ingelân|Hindrik III]] útein. Oant 1269 wiene it [[Koer (tsjerke)|koer]], it [[transept]] en it eastlike diel fan it [[Skip (tsjerke)|tsjerkeskip]] mei de oanbuorjende [[kleastergong]] en it [[kapittelhûs]] foltôge. De boumaster fan dat diel fan de tsjerke stiet bekend ûnder de namme ''Henry of Reyns'', dy't mooglik út Reims kaam en dêr ek oan de [[Notre-Dame de Reims|Notre-Dame]] wurke hat. It âld [[Romaanske arsjitektuer|romaanske]] skip bleau noch wol hûndert jier oan de nijbou stean mar waard ôfbrutsen om tusken 1376 en 1506 it tsjerkeskip te foltôgjen yn deselde styl as de rest fan de tsjerke. De bou waard foltôge troch de arsjitekt Henry Yevele ûnder it regear fan [[Richard II fan Ingelân|Richard II]]. [[Hindrik VII fan Ingelân|Hindrik VII]] liet tusken 1503-1519 de oan [[Marije (mem fan Jezus)|Marije]] wijde kapel yn de [[Ingelske gotyk|perpendicular styl]] tafoegje, ien fan de moaiste let-goatyske gebouwen fan Jeropa.
Rigel 53:
[[File:Coronation of Queen Elizabeth II Couronnement de la Reine Elizabeth II.jpg|thumb|200px|''Kroaning fan keninginne Elizabeth II yn de Westminster Abbey'']]
==== Twadde Wrâldkriich ====
De skea oan de Westminster Abbey yn de [[Twadde Wrâldkriich]] bleau op 15 novimber 1940 noch beheind, mar op 10 maaie waarden de gebouwen troffen troch brânbommen. De bommen waarden al gau ûnskealik makke troch leden fan de loftbeskerming, mar ien bom boppe it noardlike transept wie dreech benei te kommen en ûntplofte. It fjoer fan de baarnende balken die al gau it daklead ranen en begûn fan boppe ôf te fallen op it tsjerkemeubilêr. Meiwurkers brochten sa folle mooglik meubilêr yn feiligens, mar moasten harren weromlûke. Mei it ynstoarten fan it dak yn de krusing koe lang om let fierdere fersprieding fan it fjoer tefoarren kommenkomd wurde.
 
==== Nei de oarloch ====
Rigel 70:
</gallery></center>
 
Yn it middenskip fan de abdij leit it Grêf fan de UnbekendUnbekende Soldaat. Yn de ierde fan de Frânske slachtfjilden rêst dêr in ûnbekende soldaat fan de [[Earste Wrâldkriich]] "tusken kenings wylst er syn God en Heitelân goed tsjinne', sa't it ynskrift yn it swarte moarmer it beskriuwt. De fallen soldaten fan de twa wrâldkrigen wurde ek yn de Sint-Joriskapel betocht.
 
Ek yn it skip binne de grêven fan de ûntdekker [[David Livingstone]], de dichter en toanielskriuwer [[Ben Jonson]] en de premiers [[Andrew Bonar Law]] en [[Neville Chamberlain]].
Rigel 76:
[[File:SanktEdvardsstol westminster.jpg|thumb|''Kroaningstroan'']]
Ut it noardlike diel fan it dwersskip wei kin de achter it heechalter lizzende Kapel fan Edward de Belider berikt wurde. Yn it midden stiet dêr de sark fan de yn 1066 ferstoarne kening. Dêrefter stiet de kroaningstroan, dêr't oant 1996 ûnder it sitflak de saneamde ''Stone of Scobe'' bewarre waard. Op dy stien waarden eartiids iuwenlang de [[Skotlân|Skotske]] kenings kroand, oant [[Edward I fan Ingelân|Edward I]] de stien yn it jier 1297 meinaam. De stien waard yn de Kryst fan 1950 stellen en nei lang sykjen werom fûn. Yn 1996 waard de stien, dy't as in symboal fan de ienheid fan Ingelân en Skotlân jildt, wer oan Skotlân oerdroegen. Sûnt wurdt de stien yn it Slot fan Edinburgh bewarre. Yn de kapel steane de sarken fan Hindrik III, Edward I, Edward III, Richard II en Hindrik V.
 
== Oargel ==
It oargel fan de Westminster Abbey is ferdield oer de noardlike en súdlike kant fan it westlike diel fan it koerskip. It ynstrumint waard yn 1937 boud troch de Britske oargelbouwer Harrison & Harrison (Meadowfield) en foar de earste kear brûkt foar de kroaning fan [[George VI fan it Feriene Keninkryk|George VI]].
Line 82 ⟶ 83:
 
Yn 1982 en 1987 fergrutte Harrison & Harrison it oargel mei in ''Lower Choir Organ'' en in ''Bombarde Organ''. It hjoeddeiske oargel hat fiif manualen en 109 registers.
[[FileOfbyld:London - Westminster abbey - chapter house 05.jpg|thumb|left|250px|''Ferwulft kapittelhûs'']]
== Kapittelhûs ==
It kapittelhûs, in foarbyld fan suvere gotyk, waard tusken 1245 en 1253 mei de eastlike dielen fan de abdij ûnder Hindrik III boud. George Gilbert Scott restaurearre it kapittelhûs yn 1872. De yngong is fanút it eastlike diel fan de kleastergong. In doar yn it portaal datearret fan 1050 en der wurdt tocht dat it de âldste fan Ingelân is. Yn guon bline nissen oan de muorren binne 14e iuwske fresko's bewarre bleaun. De tegelflier is noch orizjineel 13e -iuwsk. Under de seal leit in achthoekige [[krypte]].
 
De loftbôgen bûten binne tafoege yn de 14e iuw en it tintfoarmige dak op in stalenstielen frame is in 19e iuwsk ûntwerp fan Scott.
{{boarnen|boarnefernijing=
Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Ingelsktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: [[:en:Westminster Abbey]]