Eutanasysintrum Hartheim: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
LNo edit summary
Rigel 4:
It '''Eutanasysintrum Hartheim''' ([[Dútsk]]: ''Tötungsanstalt Hartheim'') wie in ynstelling dy't belutsen wie by de útfiering fan it [[nasjonaalsosjalisme|nasjonaalsosjalistyske]] eutanasyprogramma, ek wol oantsjut as [[Aktion T4]]. It sintrum húsmanne yn it Slot Hartheim yn de gemeente [[Alkoven]], yn de omkriten fan [[Linz]], [[Eastenryk]].
 
== De Hartheim Statistiken ==
Yn juny 1945 briek opspoaringsamtner Charles Dameron by in ûndersyk fan de Amerikaanske striidkrêften yn de eardere euthanasy-ynstelling in stielen klús iepen en fûn de saneamde Hartheim Statistiken. Dit [[dokumint]] fan 39 siden, dat skreaun waard foar ynterne doelen fan Aksje T4, befette de moanlikse statistiken fan de minsken mei in geastlike of lichaamlike beheining dy't deadien wiene yn de seis eutanassintraeutanasysintra dy't it [[Tredde Ryk]] hie. Yn it dokumint wurdt it fermoardzjen fan de pasjinten eufemistysk mei "desynfeksje" oantsjut. In eks-wurknimmer bekende as tsjûge yn 1968 en 1970 dat hy de statistiken ein 1942 gearstald hawwe moast. By de statistiken siet ek in blêd mei in berekkening fan de besparring op iten en drinken troch it (saneamde) ''desynfektearjen'' fan 70.273 minsken mei in libbensferwachting fan 10 jier; it hie 141.775.573,80 Ryksmark opsmiten.
 
== De slachtoffers yn Hartheim ==
Neffens de Hartheimstatistiken waarden yn de [[Gaskeamer (Twadde Wrâldoarloch)|gaskeamer]] fan Hartheim totaal 18.269 minsken fermoarde. Dit barde yn in perioade fan 16 moannen tusken maaie 1940 en 1 septimber 1941 middels koalmonoksidefergiftiging.
 
Rigel 51:
| 18.269
|}
Dizze statistyk giet allinne oer de earste fasefaze fan it eutanasyprogramma. Dy fase waard nei protesten fan de [[Roomsk-katolike Tsjerke]] mei Hitler's beslút fan 24 augustus 1941 beëinige.
 
Der wurdt rûsd dat it totaal fermoarde minsken yn Hartheim om de 30.000 west hat. Under de deaden wiene hendikepten, siken, mar ek finzenen út [[konsintraasjekamp]]en.
 
=== Geastliken ===
Yn totaal waarden yn Hartheim 310 Poalske, sân Dútske, seis Tsjechyske, fjouwer Lúksemboarchske, trije Nederlânske en twa Belgyske preesters fermoarde. In protte geastliken waarden fan kamp [[Dachau (konsintraasjekamp)|Dachau]] út nei Hartheim transportearre. Dat barde ferhoalen meidat it ombringen fan geastliken gefoelich lei by it publyk.
 
== Aksje 14f13 ==
De ''Aktion 14f13'', yn it nasjonaalsosjalistysk [[jargon]] ''Sonderbehandlung 14f13'', gie de kar fan en moard op konsintraasjekampbewenners oan. It gie om de kampbewenners dy't fan 1941 oant 1944 yn it Dútske Ryk yn de kategory siken, âlderein en minsken dy't net wurkje koene foelen. Aktion 14f13 waard ek as ''Ynvaliden of Finzeneneutanasy'' omskreaun en befette letter ek oare groepen út de kampen. Al trije dagen nei de formele ein fan Aksje T4 kaam der yn Hartheim in earste bus oan mei 70 [[Joaden|Joadske]] finzenen út it konsintraasjekamp [[Mauthausen (konsintraasjekamp)|Mauthausen]], dy't fuortendaliks deamakke waarden.