Haadmenu iepenje

Changes

6 bytes removed ,  4 moannen lyn
L
no edit summary
'''Nij-Meksiko''' ([[Ingelsk]]: ''New Mexico'', útspr.: [nu: 'mεksɨkoʊ], likernôch: "Nûû <u>Mek</u>sikkoo"; [[Spaansk]]: ''Nuevo México'', útspr.: ['nweβo 'mexiko], likernôch: "<u>nwee</u>bo <u>mè</u>chikoo"; [[Navaho (taal)|Navaho]]: ''Yootó Hahoodzo'', útspr: [jo:to haho:dzo], likernôch: "<u>joo</u>to ha<u>hoo</u>dzo"), offisjeel de '''Steat Nij-Meksiko''' (Ingelsk: ''State of New Mexico''; Spaansk: ''Estado de Nuevo México''), is ien fan 'e fyftich [[Amerikaanske steaten|steaten]] dy't mei-inoar de [[Feriene Steaten fan Amearika]] foarmje. Nij-Meksiko, byneamd ''Land of Enchantment'' ("Lân fan Betsjoening"), leit yn 'e regio fan it [[Amerikaanske Súdwesten]]. De [[haadstêd]] is [[Santa Fe (Nij-Meksiko)|Santa Fe]], mar de grutste [[stêd]] is [[Albuquerque (Nij-Meksiko)|Albuquerque]]. Neffens in skatting út [[2014]] hie de steat goed 2&nbsp;miljoen ynwenners, wêrmei't it kwa [[befolking]]sgrutte de 36e steat fan 'e Feriene Steaten is. Oangeande [[oerflakte|oerflak]] is Nij-Meksiko mei goed 315.000&nbsp;km² de 5e steat. Nij-Meksiko in in tinbefolke gebiet, dat bekend stiet om syn [[woastyn|woastinen]] en syn [[Yndianen|Yndiaanske]] en [[Latino's yn Noard-Amearika|Latino]]-[[kultuer]]en.
 
== Namme ==
Der wurdt gauris tocht dat Nij-Meksiko ferneamd is nei it oangrinzgjende [[Meksiko]], in [[lân]] dêr't it 27&nbsp;[[jier]] lang diel fan útmakke (fan [[1821]] oant [[1848]]). Mar dat is net wier. Nij-Meksiko waard yn [[1563]] sa neamd troch iere [[Spanje|Spaanske]] [[ûntdekkingsreizger]]s, mear as 250&nbsp; jier foar't Meksiko as ûnôfhinklik lân syn namme oannaam (earder hiet Meksiko [[Nij-Spanje]] en wie it in Spaanske [[koloanje]]). Feitlik waard Nij-Meksiko ferneamd nei it [[Azteekske Ryk]], dat yn it [[Azteeksk]] ''Mexica'' hiet, om't de Spanjerts mienden dat Nij-Meksiko [[Yndianen|Yndiaanske]] [[kultuer]]en fan ferlykbere [[jild|monetêre]] [[rykdom]] omfieme.
[[File:White_sands_national_monument_dune.jpg|left|thumb|250px|It wite [[sân]] fan it [[Nasjonaal Monumint White Sands]].]]
 
== Geografy ==
Nij-Meksiko hat in [[oerflak]] fan 315.194&nbsp; km², wêrfan't 0,2% út [[wetter]] bestiet. It leit yn 'e [[Berchtiid (Feriene Steaten)|Berchtiidsône]] ([[UTC]] –7, [[simmertiid]] –6), en grinzget yn it noarden oan 'e [[Amerikaanske steat]] [[Kolorado]], yn it westen oan 'e steat [[Arizona]], en yn it súdeasten en easten oan 'ede steat [[Teksas]]. Yn it uterste noardeasten hat it fierders in 55&nbsp; km lange grins mei de [[Oklahoma Panhandle]], in útstykjend diel fan 'e steat [[Oklahoma]]. Yn it súdwesten, dêr't Nij-Meksiko tsjin [[Meksiko]] oan leit, hat de steat syn iennichste ynternasjonale [[grins]].
 
Nij-Meksiko hat in fierhinne fjouwerkantige foarm; inkeld yn it súdwesten stekt it grûngebiet in eintsje nei it suden ta út. Dat diel fan 'e steat wurdt dêrom wol de [[Hakke fan Nij-Meksiko]] neamd. De eastgrins mei de Oklahoma Panhandle leit persiis op 103° [[westerlingte]], en dy mei Teksas leit 5&nbsp;km mear nei it westen ta. De westgrins mei Arizona leit op 109°03′ westerlingte, en de noardgrins mei Kolorado leit persiis op 37° [[noarderbreedte]]. Yn it uterste noardwesten foarmet de grins, dy't dêr bestiet út twa rjochte [[line]]n dy't inoar kruse, in fjouwersteatepunt (de saneamde [[Four Corners]]), dêr't it grûngebiet fan Nij-Meksiko, Kolorado, Arizona en [[Utah]] gearkomt. It eastlike twatrêde part fan 'e Nijmeksikaanske súdgrins is mei de buorsteat Teksas, wylst it westlike trêdepart tsjin 'ede Meksikaanske steaten [[Chihuahua (steat)|Chihuahua]] (90%) en [[Sonoara]] (10%) oan leit.
[[File:Carlsbad_Interior_Formations.jpg|right|thumb|250px|De [[dripstien]][[grot]]ten fan it [[Nasjonaal Park Carlsbad Caverns]].]]
 
Nij-Meksiko is in tige [[drûchte|drûge]] steat, mei mar 650&nbsp; km² [[oerflaktewetter]]. It [[lânskip]] rint útinoarfariearret fan it útstrutsengrutte, rôzekleurige [[woastyn]]lân fan 'e [[Chihuahuawoastyn]] en mei [[kleau]]wen trochsniene [[heechflakte]]n (''[[mesa|mesa's]]'') oant de [[Grutte Flakten (Noard-Amearika)|Grutte Flakten]] yn it easten en de hege mei [[snie]] bekape [[berch|bergen]] fan 'e [[Rocky Mountains]]. Nettsjinsteande Nij-Meksiko's [[imago]] fan [[drûchte]] wurdt in oansjenlik part fan 'e steat oerdutsen mei [[nullewâld]]en, benammen yn it bercheftige noarden. Tsientûzenen [[fjouwerkante kilometer]]s fan it grûngebiet fan 'e steat hawwe in beskerme status as [[nasjonaal wâld]]. It [[Sangre de Cristo-berchtme]], de súdlikste útrinner fan 'e Rocky Mountains, rint rûchwei fan noard nei súd troch de fierhinne ûnoantaaste [[wyldernis]] fan noardeastlik Nij-Meksiko.
 
De steat leit trochinoar op 1.735&nbsp;m boppe [[see]]nivo, mei as heechste punt [[Wheeler Peak]], yn 'e Rocky Mountains, op 4.013&nbsp;m. It leechste punt is it oerflak fan it [[Red Bluff Reservoir]], in [[opslachmar]] oan 'e grins mei Teksas, op 867&nbsp;m. De wichtichste [[rivier]] fan 'e steat is de [[Rio Grande]], dy't fierder streamôf, yn Teksas, de grins tusken de Feriene Steaten en Meksiko foarmet. Oare oansjenlike rivieren binne de [[Pecos (rivier)|Pecos]], de [[Canadian (rivier)|Canadian]], de [[San Juan (sydrivier fan de Kolorado)|San Juan]] en de [[Gila (rivier)|Gila]]. Nij-Meksiko hat in protte [[natoer]]skientme, lykas de [[dripstien]][[grot]]ten fan it [[Nasjonaal Park Carlsbad Caverns]], by [[Carsbad (Nij-Meksiko)|Carsbad]], en it [[wyt|wite]] [[sân]] fan it [[Nasjonaal Monumint White Sands]], by [[Alamogordo (Nij-Meksiko)|Alamogordo]].
* it [[Zia Yndianereservaat]]
 
== Skiednis ==
De ierst bekende [[minske|minsklike]] bewenners fan Nij-Meksiko wiene de [[Paleo-Yndianen]] fan 'e [[Clovis-kultuer]]. Letter yn 'e [[prehistoarje]] waard noardlik en sintraal Nij-Meksiko behearske troch de [[Anasazy]], de [[foarâlden]] fan 'e moderne [[Pûeblo-Yndianen]], wylst it suden ta it [[ferspriedingsgebiet]] fan 'e [[Mogollon-kultuer]] hearde. Tsjin 'e tiid dat de earste [[Jeropa|Jeropeänen]] it gebiet berikten, yn 'e midden fan 'e [[sechstjinde iuw]], waard Nij-Meksiko bewenne troch de [[sedintarisme|sedintêre]] Pûeblo-Yndianen en de [[nomadysk]]e [[Navaho (folk)|Navaho]], [[Apachen]] en [[Jût (folk)|Jût]] (''Ute'').
[[File:Map_Anasazi,_Hohokam_and_Mogollon_cultures-en.svg|left|thumb|180px|In [[lânkaart]] mei dêrop oanjûn de [[areaal|fersprieding]] fan 'e [[skiednis|histoaryske]] [[Yndianen|Yndiaanske]] [[kultuer]]en: yn giel de [[Hohokam-kultuer]]; yn grien de [[Mogollon-kultuer]] en yn rôze de [[Anasazy]], de [[foarâlden]] fan 'e hjoeddeiske [[Pûeblo-Yndianen]].]]
Yn [[1928]] brocht de ûntdekking fan [[ierdoalje]] [[wolfeart]] yn Nij-Meksiko, mar benammen yn [[Lea County (Nij-Meksiko)|Lea County]] en it stedsje [[Hobbs (Nij-Meksiko)|Hobbs]], dêr't de earste oaljeboarne oanboarre wie. Dy produsearre sânhûndert [[fet (ierdoalje)|fetten]] deis en wie oant [[2002]] yn produksje. Under de [[Twadde Wrâldoarloch]] waard yn Nij-Meksiko te [[Los Alamos (Nij-Meksiko)|Los Alamos]] yn it dêr fêstige [[Nasjonaal Laboratoarium Los Alamos]] de [[atoombom]] útfûn, dy't foar it earst test waard op 'e [[Trinity site]], yn 'e Nijmeksikaanske [[woastyn]] tusken [[Socorro (Nij-Meksiko)|Socorro]] en [[Alamogordo (Nij-Meksiko)|Alamogordo]], op wat no it [[Militêr Oefenterrein White Sands]] is.
 
== Bestjoer ==
Nij-Meksiko bestiet bestjoerlik út 33 [[county (Feriene Steaten)|countys]]. De [[haadstêd|steatshaadstêd]], [[Santa Fe (Nij-Meksiko)|Santa Fe]], leit yn [[Santa Fe County (Nij-Meksiko)|Santa Fe County]], sitewearre yn it middennoarden fan 'e steat. Krekt as alle Amerikaanske steaten wurdt Nij-Meksiko bestjoerd troch in [[regear|steatsregear]] mei oan it haad de [[gûverneur]]. De [[wetjaande macht]] is yn 'e hannen fan it [[Legislatuer fan Nij-Meksiko]], dy't bestiet út 'e Steatssenaat mei 42 sitten en it Steatshûs fan Offurdigen mei 70 sitten. Yn 'e [[Amerikaanske Senaat]] wurdt Nij-Meksiko, lykas alle Amerikaanske steaten, fertsjintwurdige troch 2 [[senator]]s. Yn it [[Amerikaanske Hûs fan Offurdigen]] hat Nij-Meksiko 3 sitten.
[[File:Santa_Fe_NM.jpg|right|thumb|250px|[[Santa Fe (Nij-Meksiko)|Santa Fe]], de [[haadstêd]] fan Nij-Meksiko.]]
It [[polityk|politike lânskip]] fan Nij-Meksiko wurdt behearske troch de beide grutte Amerikaanske [[politike partij]]en, de [[Demokratyske Partij (Feriene Steaten)|Demokratyske Partij]] en de [[Republikeinske Partij (Feriene Steaten)|Republikeinske Partij]]. Alle oare partijen spylje mar in marginale rol. Nij-Meksiko wurdt beskôge as in [[swingsteat]], dêr't sawol de Demokraten as de Republikeinen by [[ferkiezing]]s in mearderheid winne kinne. Hoewol't it fierhinne in [[plattelân]]sgebiet is en plattelânsbewenners meast op 'e Republikeinske Partij stimme, wurdt dat feit yn it gefal fan Nij-Meksiko yn lykwicht holden troch in oar feit, nammentlik dat in grut part fan 'e [[befolking]] út [[Latino's yn Noard-Amearika|Latino's]] bestiet, dy't trochstrings op 'e Demokratyske Partij stimme.
 
== Ekonomy ==
It [[Bruto Nasjonaal Produkt|bruto steatsprodukt]] fan Nij-Meksiko lei yn [[2010]] op [[$]]80&nbsp;miljard. Yn [[2007]] bedroech it bruto steatsprodukt omrekkene per lid fan 'e [[befolking]] $31.474. De [[ekonomy]] fan 'e steat moat it benammen hawwe fan 'e [[lânbou]], de [[ierdoalje|oalje]]yndustry en it [[toerisme]], hoewol't der yn 'e krite om [[Albuquerque (Nij-Meksiko)|Albuquerque]] ek in protte [[high-tech]]yndustry is, benammen op it mêd fan 'e [[loftfeart|loft]]- en [[romtefeart]]. Ek binne der yn 'e steat in protte [[callcenter]]s fêstige. Wat de oalje-yndustry oangiet, is Nij-Meksiko de op twa nij grutste oaljeprodusearjende steat fan 'e Feriene Steaten. Yn [[2006]] kaam fan alle Amerikaanske ierdoalje 3,4% út Nij-Meksiko, en fan alle [[ierdgas]] 8,5%.
[[File:Albuquerque_Balloon_Fiesta_2011.JPG|left|thumb|250px|It [[Albuquerque International Balloon Fiesta]], in [[ballonfeest]] dat jierliks yn [[Albuquerque (Nij-Meksiko)|Albuquerque]] holden wurdt.]]
Mar wylst de wichtigens fan oalje en gas stadichoan ôfnimt, waakst it [[toerisme]] krekt oan. Toeristen besykje Nij-Meksiko benammen fanwegen de [[natoer]]skientme. De [[dripstien]][[grot]]ten fan it [[Nasjonaal Park Carlsbad Caverns]], by [[Carsbad (Nij-Meksiko)|Carsbad]], en it [[wyt|wite]] [[sân]] fan it [[Nasjonaal Monumint White Sands]], by [[Alamogordo (Nij-Meksiko)|Alamogordo]], nimme dêr in wichtich plak by yn. Oare grutte publykslûkers binne de histoaryske [[Yndianen|Yndiaanske]] delsettings, de ''[[pueblo|pueblo's]]'', en de Yndiaanske [[kasino's]]. Fierders komt der in soad folk ôf op it [[Albuquerque International Balloon Fiesta]], in [[ballonfeest]] dat jierliks yn [[Albuquerque (Nij-Meksiko)|Albuquerque]] holden wurdt, lûkt ek [[Roswell (Nij-Meksiko)|Roswell]] in protte toeristen, dêr't yn [[1947]] in [[bûtenierdske wêzens|bûtenierdsk]] [[romteskip]] [[UFO-ynsidint fan Roswell|delstoart wêze soe]].
 
== Demografy ==
Neffens in offisjele rûzing troch it [[Amerikaanske Folkstellingsburo]] (op grûn fan gegevens fan 'e Amerikaanske [[folkstelling]] fan [[2010]]) hie Nij-Meksiko yn [[2014]] 2.085.572 ynwenners, wat in groei fan 1,28% is yn ferhâlding ta de stân fan saken yn [[2010]]. De [[befolkingstichtens]] bedroech yn [[2014]] 6,6 [[minske]]n de km². Fan 'e befolking fan Nij-Meksiko wie yn [[2010]] 51,4% [[berne]] yn Nij-Meksiko sels, wylst 37,9% berne wie yn in oare Amerikaanske steat, 1,1% yn [[Porto Riko]] of oare Amerikaanske territoaria, en 9,7% yn it bûtenlân.
[[File:New Mexico population map.png|right|thumb|210px|[[Befolkingstichtens]] yn Nij-Meksiko.]]
De grutste [[stêd]] fan 'e steat is [[Albuquerque (Nij-Meksiko)|Albuquerque]], mei goed 550.000 ynwenners yn [[2012]]. Oare gruttere stêden binne: [[Las Cruces (Nij-Meksiko)|Las Cruces]] (101.000), dat tsjin 'e súdgrins mei [[Teksas]] oan leit en diel útmakket fan 'e [[stêdekloft]] fan [[El Paso (Teksas)|El Paso]]; [[Rio Rancho (Nij-Meksiko)|Rio Rancho]] (92.000), in [[foarstêd]] fan Albuquerque; de [[haadstêd|steatshaadstêd]] [[Santa Fe (Nij-Meksiko)|Santa Fe]] (70.000); en it [[ufo]]logysk sintrum [[Roswell (Nij-Meksiko)|Roswell]] (49.000).
 
=== Etnisiteit ===
Neffens gegevens fan 'e Amerikaanske [[folkstelling]] fan [[2010]] wie de [[etnyske groep|etnyske]] opbou fan 'e Nijmeksikaanske [[befolking]] doe sa: 46,3% [[Latino's yn Noard-Amearika|Latino's]]; 40,5% [[jeropide ras|blanken]]; 9,4% [[Yndianen]]; 2,1% [[negroïde ras|swarten]]; 1,4% [[Aazje|Aziaten]]; 0,1% [[Polyneezje|Polyneziërs]], [[Melaneezje|Melaneziërs]] en [[Mikroneezje|Mikroneziërs]]; 0,2% oaren of fan mingd etnysk komôf. [[jeropide ras|Blanke Nijmeksikanen]] binne fierhinne fan [[Noardwest-Jeropa|Noardwest]]- en [[Midden-Jeropa|Middenjeropeeske]] orizjine, mei as grutste oarsprongsgroepen [[Dútsers]] (9,8% fan 'e totale steatsbefolking) en [[Ingelsen]] (7,2%).
 
Dizze stammen hawwe elts har eigen [[Yndianereservaten]], op 'e Fort Sill Apache Stamme nei, dy't oan 'e ein fan 'e [[njoggentjinde iuw]] nei [[Oklahoma]] [[deportaasje|deportearre]] waard, mar no besiket om him wer yn syn âlde heitelân te fêstigjen. Fierders waarden yn [[2007]] de [[Genízaro (folk)|Genízaro]] troch de Legislatuer fan Nij-Meksiko erkend as in lânseigen groep, wat de wei frijmeitsje moat foar de úteinlike erkenning fan in Genízaro-stamme [[List fan Amerikaanske Yndianestammen mei erkenning op steatsnivo|op steats-]] of mooglik [[List fan Amerikaanske Yndianestammen mei federale erkenning|op federaal nivo]].
 
=== Taal ===
Nij-Meksiko hat net in [[offisjele taal]] dy't as sadanich by [[wet]] fêstlein is. De oarspronklike [[grûnwet]], út [[1912]], skreau in twatalich [[bestjoer]] foar, wêrby't [[wet|steatswetten]] sawol yn it [[Ingelsk]] as it [[Spaansk]] publisearre wurde moasten. Dy ferplichting waard neitiid twaris bekrêftige, yn [[1931]] en op 'e nij yn [[1943]]. It wie oant [[1935]] tastien om ûnder formele [[sitting]]s fan it steatskongres Spaansk te sprekken, mar likegoed waard altyd al fan alle steatsfunksjonarissen easke dat se it Ingelsk goed yn 'e macht hiene. Lju dy't it Spaansk as [[memmetaal]] hawwe, meie foar [[rjochtbank]] en [[gerjochtshôf]] yn dy [[taal]] de [[eed]] ôflizze en [[tsjûgenis]] dwaan, en Nijmeksikanen dy't inkeld Spaansk sprekke (en hielendal gjin Ingelsk) komme likegoed yn oanmerking foar [[sjueryplicht]] as twataligen en lju dy't Ingelsk mar gjin Spaansk sprekke. Op it mêd fan it [[ûnderwiis]] is yn 'e steatsgrûnwet fêstlein dat de steat twatwalich ûnderwiis oanbiede en Spaansktalige [[learaar|leararen]] oanstelle moat yn [[skoaldistrikt]]en dêr't de mearderheid fan 'e befolking Spaansktalich is.
[[File:Interstate 25 approaching Santa Fe New Mexico.jpg|left|thumb|250px|De [[autosnelwei]] [[Interstate 25]], op [[Santa Fe (Nij-Meksiko)|Santa Fe]] ta ridend.]]
[[File:Santa Fe San miguel chapel.jpg|right|thumb|250px|De San Miguel-kapel yn [[Santa Fe (Nij-Meksiko)|Santa Fe]], de âldste [[tsjerke]] fan Nij-Meksiko, boud yn [[1610]].]]
 
=== Godstsjinst ===
Op it mêd fan [[godstsjinst]] bestie yn [[2008]] 75% fan 'e [[befolking]] fan Nij-Meksiko út [[kristendom|kristenen]], wêrûnder 42% [[roomsk-katolisisme|roomsen]] en 33% [[protestantisme|protestanten]]. Yn [[2010]] wiene de grutste protestantske denominaasjes de [[Súdlike Baptistekonvinsje]] mei goed 113.000 leden, de ([[mormoanen|mormoanske]]) [[Tsjerke fan Jezus Kristus fan de Hilligen fan de Lêste Dagen]] mei krapoan 68.000 leden en de [[Feriene Metodistyske Tsjerke]] mei rom 36.000 leden. [[Ateïsme|Ateïsten]] en [[agnostisisme|agnosten]] foarmen yn [[2008]] 22% fan 'e befolking. Oare godstsjinsten wiene it [[joadendom]] en it [[boedisme]] (elts mei 2%). De oanhingers fan alle oare religyen mei-inoar makke 3% fan 'e Nijmeksikaanske befolking út.
 
== Klimaat ==
Nij-Meksiko hat in [[klimaat]] dat oer it algemien [[drûchte|drûch oant tige drûch]] is en klassifisearre wurde kin as in [[woastynklimaat]] mei hjir en dêr eilantsjes fan [[steppeklimaat|steppe]]-, [[lânklimaat|lân]]- en [[heechberchtmeklimaat]]. Simmerdeis binne [[temperatuer]]en [[dei|oerdeis]] fan 38&nbsp;°C net útsûnderlik, wylst it kwik by 't winter sakket oant tusken de 10 en 15&nbsp;°C [[dei|oerdeis]]. Rekôrtemperatueren wiene 50&nbsp;°C, op [[27 juny]] [[1994]] yn 'e neite fan [[Loving (Nij-Meksiko)|Loving]], en –46&nbsp;°C op [[1 febrewaris]] [[1951]] te [[Gavilan (Nij-Meksiko)|Gavilan]]. Nij-Meksiko kriget jiers yn trochsneed mar 350&nbsp;mm [[delslach (waar)|delslach]].
 
==Keppelings om utens==
*{{en}}[http://www.newmexico.gov/ Offisjele webside fan it regear fan Nij-Meksiko]
*{{en}}[http://www.youtube.com/watch?v=SJb7_rcL1GY Nij-Meksiko op YouTube]
 
{{boarnen|boarnefernijing=
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: [http://en.wikipedia.org/wiki/New_Mexico ''References'' en ''Further reading'', op dizze side].
----
==;Keppelings om utens==
*{{en}}[http://www.newmexico.gov/ Offisjele webside fan it regear fan Nij-Meksiko]
*{{en}}[http://www.youtube.com/watch?v=SJb7_rcL1GY Nij-Meksiko op YouTube]
-----
{{commonscat|New Mexico}}
}}
7.481

edits