Ferskil tusken ferzjes fan "Westerkertier"

Gjin feroaring yn grutte ,  2 jier lyn
L
gjin bewurkingsgearfetting
L
 
== Beskriuwing ==
It Westerkertier hjit sa om't it de meast westlike fan de trije [[Ommelannen]] wie. It bestie yn it earstoan út trije ûnderkertieren: [[Fredewold]], [[Langewold]] en [[Humsterlân]]. Letter waard [[Middag]] it fjirde. Oant yn de [[Midsiuwen]] wie it Westerkertier yn wêzen in ûnôfhinklik gebiedgebiet, dat selsstannich lid wie fan de Ommelander Uny, mar it waard yn [[1594]] by de [[Reduksje fan Grins]] twongen ta oanslúting by de provinsje [[Stad en Lande]]. It hjoeddeiske Westerkertier bestiet út it grûngebied fan de gemeenten [[Grootegast]], [[Mearum (gemeente)|Mearum]], De Like, Súdhorn, en fan de eardere gemeente [[Ezinge]].
 
Lânskiplik bestiet it Westerkertier út twa parten. It noardlike stik is in âld [[kwelder]]gebied fan de [[Lauwerssee]], [[klaai]]lân dat yn de rin fan iuwen ûnder oaren troch de muontsen fan it [[Kleaster fan Aduard]] op de see wûn is. Dit part fan it Westerkertier wurdt rekkene ta de âldste kultuerlânskippen fan Jeropa en is foardroegen foar de [[Wrâlderfgoedlist]] fan [[UNESCO]]. Om [[800]] hinne wie dit ien fan de meast tichtbefolke parten fan wat no Nederlân is. De minsken wennen der yn [[terpdoarp]]en as Ezinge, [[Oldehove]] en [[Niehove]]. It súdlike part fan it Westerkertier is in sabeare [[kûlisselânskip]], in gebied fan [[sângrûn]] en ôfgroeven [[fean]], dat tekene wurdt troch [[houtwâl]]en en dat in soad hat fan de oanbuorjende [[Fryske Wâlden]]. Doarpen as [[Niekerk]], [[Mearum]] en [[Grootegast]] lizze yn dizze krite op âlde [[sânrêch|sânrêgen]] en binne dan ek [[lintdoarp]]en.
7.781

bewurkings