Joaris mei it Burd: ferskil tusken ferzjes
Content deleted Content added
ûntstie |
LNo edit summary |
||
Rigel 5:
Hy waard earst geastlike, mar folge yn [[1500]] syn heit [[Albrecht III fan Saksen|Albrecht de Kloekmoedige]] op as hartoch. Hy regearre tegearre mei syn broer [[Hindrik V fan Saksen|Hindrik de Fromme]] oer Fryslân oant dizze yn [[1505]] al syn rjochten oan him ôfstie. Dêrnei sintralisearre er bestjoer en rjochtspraak en fierde [[jiertaks]] en [[aksyns]] yn, wat grutte wjerstân oprôp.
Op [[22 febrewaris]] [[1505]] sleat er in oerienkomst mei de bruorren Dirk, Floris en Jacob fan Wyngaarden, en Thomas Beukelaar, de skoansoan fan ien fan harren. Dizze [[Súd-Hollân]]ske Hearen soenen de [[kwelder]]s yn it noarden fan Fryslân yndykje tsjin frijstelling fan pacht yn it earste jier. Noch datselde jier waard it
Hy besocht yn [[1514]] Grinslân ûnder syn gesach te bringen, dat him earder lykwols ferbûn hie mei [[Edzard I fan East-Fryslân]]. Troch de hege kosten fan de striid sleaten de Friezen in ferbûn mei hartoch [[Karel fan Gelre]], tagelyk in bûnsgenoat fan Grinslân. Joaris moast him uteinlik weromlûke oant [[Ljouwert (stêd)|Ljouwert]], [[Harns (stêd)|Harns]] en [[Frjentsjer]]. Omdat syn macht yn Fryslân ek tanende wie, die
Joaris herfoarme ek yn Saksen op foarútstribjende wize bestjoer en finânsjes. Hy stipe Karel V safolle
Hy wie troud mei Barbara ([[1478]]-[[1534]]), dochter fan kening [[Kasimir IV fan Poalen|Kasimir IV]] fan [[Poalen]]. Nei har dea liet er as teken fan rou syn burd stean, wat him syn bynamme oplevere. Ut dit houlik kaam [[Magdalena fan Saksen|Magdalena]] fuort, dy't letter boaskje soe mei [[Joachim II Hector fan Brandenburch]]. Ek Kristina fan Saksen (1505-1549), de frou fan lângreve [[Filips I fan Hessen]], wie in dochter fan Joaris. Hy waard opfolge troch syn broer [[Hindrik IV fan Saksen|Hindrik]].
|