Gerulf: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
kt
LNo edit summary
 
Rigel 1:
'''Gerulf''' of '''Gerolf''' (ek '''Gerulf de Jongere'''; sa. [[850]] - [[895]] of [[896]]) fan West-Fryslân ([[Fresia]]) wie in [[Fryske greve]] út de [[9e iuw]] dy't ûngefear hearske tusken [[850]] en [[890]]. Hy wurdt meastentiids sjoen as de stamheit fan de lettere [[Greve fan Hollân en Seelân|Hollânske greven]], dy't bekend stean as de [[Gerulfingen]] of it Hollânske Hûs.
 
== Namme en Greefskip ==
De namme wurdt soms ek wol skreaun mei de tafoeging ''fan [[Kinmerlân]]'' of mei ''fan [[Hollân]]'' en betiids ek as ''de Jongere'' onom him te ûnderskieden kinnete kinnen fan syn pake [[Gerulf de Aldere|Gerulf I]].
 
De komôf fan Gerlof is net helder, lykwols binne der sterke oanwizings dat er in neisiet is fan de Fryske kening [[Redbad]]. Syn heit en foargonger wie greve [[Gerhart]] dy't it Fryske goagreefskip [[Westergoa]] yn lien hie.
 
Gerlof bestjoerde sels ynearsten út namme fan de [[Franken|Frankyske]] kening [[Arnulf (kening)|Arnulf]] itselde greefskip as syn heit yn [[Mid-Fryslân]]. Letter krige er [[Teisterbânt]] yn lien. Yn [[889]], nei de moard op [[Godfried de Wytsing]], is oer him optekene dat er lân besiethie yn de tsjintwurdige provinsje Noard-[[Hollân]] dat doe West-Fryslân hjitte. Gerlof hie dêr in rjocht fan fiskerij oan de Rynmûning en beskikte oer goederen yn Teisterbant.
 
== Wytsingen ==
Alhoewol't it greefskip fan Gerlof sûnt it [[ferdrach fan Ferdun]] ûnderdiel wie fan it Eastfrankyske ryk, hienen de [[Wytsingen]] it dêr feitlik foar it sizzen. Hjir kaam pas in ein oan troch de moard op [[Godfried de Wytsing]] op [[4 augustus]] [[885]], dêr't Gerolf de hân yn hie. As beleanning foar syn wichtige rol by it ferdriuwen fan de Wytsingen krige hy fan de kening in oantal besittingen tawiisd bûten syn greefskip yn in gebiedgebiet tusken [[Bennebroek]] en de [[Alde Ryn]].
 
== Opfolging ==
Greve Gerolf wie de heit fan [[Durk I fan Hollân|Durk I]] en [[Waltger de Frys|Waltger]]. Beide soannen wienen ek greve. Durk I fan [[Greefskip Hollân|Hollân]] en Waltger fan Greefskip [[Teisterbant]].