Filips de Goede: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
LNo edit summary
LNo edit summary
Rigel 5:
Nei de dea fan syn heit, [[Jan sûnder Eangst]] folge Filips him op yn it Hartochdom Boergonje en yn de greefskippen Flaanderen en [[Arteezje]]. Hy waard ek baas fan it greefskip Namen yn [[1429]], de hartochdommen Braban en hartochdom Limburch troch erfopfolging fan Filips fan Saint-Pol ([[1430]]) [[Greefskip Hollân]], [[Greefskip Seelân]] en [[Greefskip Henegouwen]] yn [[1433]] en yn [[1451]] hartochdom Lúksemboarch. ([[1451]])
 
Nei de moard op syn heit woe hy net al te folle fante krijen hawwe mei [Frankryk]. Hy begûn nei de grutte ekspânsje fan syn ryk him te rjochtsjen op de ynterne konsolidaasje fan al dy gebieten. Yn syn rol as hear fan de Nederlânske gewesten fierde hy in soad herfoarmingen yn dy’t it bestjoer oer syn gebieten makliker meitsje moasten. Hy begûn mei de ynfiering fan in sintraal bestjoer foar alle Nederlânske gewesten en ek in sintrale rjochtspraak fierde hy yn. Tink oan de [[grutte ried fan Mechelen]]. Ek fierde Filips de goede in sintrale ining fan belestingen yn, dit yn de foarm fan ien inkele jildsom foar it hiele gebiet. Hoe oft dit opbrocht wurde moast, moasten sy sels beslute troch in goeie ferdielssleutel te meitsjen. Om dit oerlis mooglik te meitsjen waard troch Filips de [[Steaten-Generaal]] oprjochte. Dizze Steaten-Generaal waard foar it earst oproppen yn [[1464]] yn [[Brugge]]. Dizze maatregels mei al dy sintrale ynstellingen fan Filips lei de basis foar de Nederlannen as lân. De gewesten waarden konfrontearre mei it feit dat se mienskiplike belangen hienen omdat se ien foarst hienen.
 
By de earste gearkomst fan de Steaten-Generaal waard it regintskip besprutsen. Filips woe graach op [[krústocht]]. Mar yn 1465, foardat hy fuort soe, sakke hy fuort yn gekte en syn soan [[Karel de Stoute]] naam doe de touwen yn hannen.
Rigel 19:
* [[Korneille fan Boergonje]] (± [[1420]] - [[1452]]), ek wol neamd as Knillis fan [[Beveren]], ferstoarn by de [[slach fan Bazel]] ([[1452]]);
* [[Antoine fan Boergonje]] ([[1421]] - [[5 maaie]] [[1504]]), greve fan La Roche, [[Sainte-Menehould]], [[Guînes]], hear fan Crèvecoeur en [[Beveren (East-Flaanderen)|Beveren]];
* [[David fan Boergonje]], (± [[1427]] - [[1496]]) dy’t [[biskopbisskop fan Utert]] waard;
* [[Anna fan Boergonje]] (± 1435 - 1508), gûvernante fan [[Maria fan Boergonje (hartoginne)|MariaMarije fan Boergonje]], troudtroude mei [[Adriaan fan Borssele]] en letter mei [[Adolf fan Kleef-Ravenstein]];
* [[Rafaël fan Boergonje]] ek wol neamd as ''Rafaël de Marcatellis'', (± 1437 - 1508), abt fan de Sint-Baafsabdij yn Gint en fan de Sint-Pitersabdij te Aldenburch;
* [[Boudewyn fan Boergonje]] (± [[1446]] - [[1508]]), hear fan Fallais, Peer, Boudour, Sint-Annaland, Lovendegem, Zomergem en Fromont;
Rigel 26:
 
Antoine en Corneille soenen syn leavelingsbasterds west hawwe. Sy droegen (earst Corneille, dan Antoine) de titel fan Grut basterd fan Boergonje.
 
[[Ofbyld:Philip the Good Arms.svg|150px|thumb|Wapenskyld fan Filips de Goede nei 1430]]
 
== Bûtenlânse polityk ==
Diplomatyk gie Filips de Goede folle foarsichtiger te wurk as syn heit Jan sûnder Eangst of syn soan Karel de Stoute. Hy makke handich gebrûk fan de twastriid tusken [[Ingelân]] en Frankryk yn de tiid fan de Hûndertjierrige oarlochOarloch. Mar hy woe him net echt minge yn it konflikt. Yn in kampanje tsjin Compiegne arrestearre hy [[Jeanne d’Arc]], dy’t hy útlevere oan de Ingelsen. Uteinlik twong hy yn [[1435]] de Frânske kening ta in frede my de namme [[Frede fan Atrecht]]. Yn 1436 beslute hy ta in belis fan [[Calais]] om dizze stêd fan de Ingelsken ôf te pakken. Mar dit mislearre. Syn fierdere ekspânsjepolityk wie foaral basearre op erfenissen en it opkeapjen fan titels.
 
Diplomatyk gie Filips de Goede folle foarsichtiger te wurk as syn heit Jan sûnder Eangst of syn soan Karel de Stoute. Hy makke handich gebrûk fan de twastriid tusken [[Ingelân]] en Frankryk yn de tiid fan de Hûndertjierrige oarloch. Mar hy woe him net echt minge yn it konflikt. Yn in kampanje tsjin Compiegne arrestearre hy [[Jeanne d’Arc]], dy’t hy útlevere oan de Ingelsen. Uteinlik twong hy yn [[1435]] de Frânske kening ta in frede my de namme [[Frede fan Atrecht]]. Yn 1436 beslute hy ta in belis fan [[Calais]] om dizze stêd fan de Ingelsken ôf te pakken. Mar dit mislearre. Syn fierdere ekspânsjepolityk wie foaral basearre op erfenissen en it opkeapjen fan titels.
 
== Rykdommen fan it hof ==
It Boergondyske ryk omfette de tichtbefolke en it rykste gebiedgebiet fan West-[[Jeropa]]. Net tafallich liet Filips de Goede him dan ek neame ''"grand duc d'occitaine"'' (grutte hartoch fan it westen). Hy joech hjir hiel dúdlik mei oan dat hy ûnôfhinklik wie fan Frankryk. Hoewol't de boargers yn de stêden mear en mear [[privileezjes]] krigen en mear ekonomyske macht, profitearre de aristokrasy op wielderige manier mei fan de rykdom fan it hof. Dat utere him yn grutte útjeften om klean en keunstfoarwerpen te keapjen. It skynt sels sa te wêzen dat oan it hof fan Filips de Goede yn de perioade [[1444]]-[[1446]] oant 2 persint fan ynkomstenbegrutting spandearre is oan de oankeap fan goud beklaaide stof en side. De [[Oarder fan it Gouden Flues]] wie ferneamd om de grutte feesten. Filips boude skitterjende paleizen lykas [[Coudenberg]] yn [[Brussel]], [[Palais de ducs]] yn [[Dijon]]. Filips de Goede fûn in tapijt moaier mar ûnder syn bewald berikte de skilderkeunst in toppunt mei masters lykas [[Van Eyck]] en [[Rogier van der Weyden]]. De Boergondyske skoalle ûntstie út in elite fan musisy [[Gilles Binchois]], [[Robert Morton]] en letter [[Guillaume Dufay]] dy’t allegear tsjinnen yn de hofkapel fan de hartoggen.
[[Ofbyld:Van der weyden miniature.jpg|thumb|right|200px|Filips de Goede op in miniatuur skildere troch Rogier van der Weyden]]
 
== Dea en begraafplak ==
Filips de Goede ferstoar yn Brugge op [[15 juny]] [[1467]]. De hiele stêd wie yn djippe rou. In roustoet en 20.000 taskôgers soenen him begeliede nei de [[Sint-Donaas katedraal]] wêr't hy seremonieel te hof brocht is. Yn 1467 besliste Karel de Stoute om it stoflik omskot fan syn heit nei syn útdruklike winsk oer te bringen nei it paleis fan de hartoggen fan Boergonje yn Dijon. Inkel it hert en de yngewandenyngewanten, dy’t al apart bewarre wienen binne efterbleaun yn [[Brugge]].
 
[[Kategory:Hartoch fan Boergonje]]