Sint Vitus fan Aldehou: ferskil tusken ferzjes
Content deleted Content added
LNo edit summary |
|||
Rigel 1:
Foar de tsjerkeskiednis fan [[Ljouwerteradiel]] is de '''St. Vitus fan Aldehou''' tige wichtich west. De St. Vitus fan Aldehou is stifte troch de Benediktiner ryksabdij fan Corvey. Dy ryksabdij wie yn [[822]] stifte troch [[Karel de Grutte]]. Karel de Grutte en syn opfolgers hienen der in polityk belang by dat der tsjerken stifte waarden. In protte Fryske grûn wie der yn hannen kommen fan kleasters bûten Fryslân. Ek de [[abdij fan Corvey]] hie yn Fryslân besit. Neist de [[Biskoppen fan Utert|biskop fan Utert]] stiften ek dizze kleasters tsjerken. Corvey hie besit yn it doetiidske doarp Aldehou. Corvey die ek mei oan de polityk fan har stifter. Yn de lêste helte fan de njoggende iuw moat de St. Vitustsjerke der kommen wêze. De tsjerke krige syn namme fan de patroanhillige fan it kleaster. Hoe’t dy earste tsjerke der útsjoen hat, is net mear nei te gean.
== De parochjegrinzen ==
Safier as nei te gean is, leinen de parochjegrinzen tusken wat no it fan Harinxmakanaal is, dan gie dy by nei te noarden by Miedum en [[Wyns]] lâns nei de [[Hijumer Feart]], dêrnei gie er wer nei it suden lâns de eastlike kant fan de [[Middelsee]]. Al de minsken dy’t wennen yn
== De ynfloed fan Corvey waard minder ==
[[Ljouwert (stêd)|Ljouwert]] en Corvey leinen te fier fan inoar. Boppedat woe de biskop fan Utert syn rjochten op Fryslân wier meitsje tsjinoer de greven fan Brunswyk. Yn [[1143]] waard Herbert fan Nordheim abt fan it kleaster Corvey. Hy wie besibbe oan de greven Brunswyk. Hy hat in part fan kleasterbesit ferkocht. De keizer beneamde doe Hindrik ta abt. Hindrik hat in protte dien om de skea te beheinen. Hy rôp dêr de help yn fan biskop Hartburd fan Utert, dy’t fan Fryske komôf wie. Oft dit slagge is, is de fraach. De praktyk sil west hawwe dat it behear fan de tsjerken by de opkommende adel en de geastlikheid kaam te lizzen. Eins ûntstie der sa in fakuüm.
== Mariëngaarde naam it oer ==
Om 1300 hinne seach it [[Kleaster Mariëngaard]] fan [[Hallum]] de kâns om it patronaatsrjocht op de St. Vitustsjerke oer te nimmen. Mariëngaarde hie al in protte besit yn Hijum en Feinsum en yn oare plakken. Ek oan de Nijstêd, yn de parochje fan St. Vitus, hie it [[kleaster Bethlehem]], dat ien part mei Mariëngaarde foarme, besit. <br>
Fierders kamen de prysters fan oare Ljouwerter tsjerken, Us Leave Frouwetjerke, mei deselde patroanhillige as Mariëngaarde, de St. Catharinetsjerke yn Hoek en de tsjerken [[Lekkum]] en wierskynlik ek [[Miedum]] út Mariëngaarde. <br>
|