Sir: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Pierlala (oerlis | bydragen)
No edit summary
LNo edit summary
Rigel 1:
'''''Sir''''' (útspr.: [sʌ:(ɹ)] of [sœ:(ɹ)]) is yn lannen fan it [[Britske Gemienebêst]] (mar fral yn it [[Feriene Keninkryk]] sels) in [[predikaat]] dat foar de [[foarnamme]] pleatst wurdt om oan te jaan dat in man [[ridder]]e is troch Britske [[monarch]]. It froulike ekwifalintekwivalint is '''''dame''''' (útspr.: [de:m]). It gebrûk fan dizze predikaten is strikt fêstlein yn [[wet]]ten en gewoanten.
 
Yn 'e [[Ingelsk]]e [[sprektaal]] wurdt ''sir'' fierders ek brûkt as oansprektitel foar lykfol hokker man, ferlykber mei ''meneer'' yn it [[Nederlânsk]] (yn it [[Frysk]] ûntbrekt fan oarsprong in ekwifalint, mar wurdt no ek wol "menear" brûkt; it ultime fatsoen lit men yn it Frysk lykwols blike troch de oare inkeld mei de efternamme oan te sprekken). Yn dizze foarm is it froulike ekwifalint fan ''sir'' itsij '''''madam''''' (útspr.: ['mædəm], itsij, benammen yn it [[Amerikaansk-Ingelsk]], '''''ma'am''''' (útspr.: [mæə̯m]).