County (Feriene Steaten): ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Pierlala (oerlis | bydragen)
No edit summary
LNo edit summary
Rigel 1:
[[FileOfbyld:Usa counties large.svg|right|thumb|300px|De ferdieling fan 'e [[Feriene Steaten]] yn steaten en countys.]]
In '''county''' is yn 'e [[Feriene Steaten]] in [[polityk|steatkundige]] en [[geografy]]ske ûnderferdieling fan in [[Amerikaanske steat|steat]], dy't ornaris in beskate mjitte fan oerheidsfoech tawiisd krigen hat. As [[Frysk]]talige oersetting wurdt soms it wurd "distrikt" brûkt. Countys binne ferlykber mei de ''Kreisen'' of ''Landkreisen'' yn [[Dútslân]] of mei departeminten yn [[Frankryk]]. As men yn 'e [[Nederlân]]ske kontekst de Amerikaanske steaten lykslacht mei [[provinsje]]s, bestiet de bestjoerslaach fan 'e countys yn Nederlân net, mei't Amerikaanske countys krekt as provinsjes wer ûnderferdield wurde yn [[gemeente (bestjoer)|gemeenten]].
 
Rigel 8:
Yn [[2013]] bestiene der yn 'e Feriene Steaten 3.007 countys, 64 Louisiaanske ''parishes'', 30 Alaskaanske ''boroughs'' en it Distrikt Kolumbia ([[Washington, D.C.]]) dat yn beskate opsichten ek in soarte fan county is. De steat mei it grutste tal countys is [[Teksas]], dat der 254 hat, wylst [[Delaware]], mei 3 countys, it lytste tal hat. Countys hawwe oeral yn 'e Feriene Steaten noch in wichtige mjitte fan oerheidsfoech, behalven yn [[Rhode Island]] en [[Konnetikut]], dêr't de 5, resp. 8 countys as oerheidsynstânsjes opheft binne (mar as statistyske gebieten fuortbesteane). Itselde jildt foar 8 fan 'e 14 countys yn [[Massachusetts]].
 
De grutste county kwa [[oerflakte|oerflak]] is [[San Bernardino County (Kalifornje)|San Bernardino County]], yn [[Kalifornje]], mei 52.070  km², en de lytste is [[Kalawao County (Hawaï)|Kalawao County]], op [[Hawaï]], mei 31  km². Oangeande befolkingsgrutte is [[Los Angeles County (Kalifornje)|Los Angeles County]], yn Kalifornje, it grutste, mei in befolking fan 10.117.000 minsken yn [[2014]], wylst [[Loving County (Teksas)|Loving County]], yn [[Teksas]], it lytst is, mei 82 ynwenners yn [[2010]].
 
{{boarnen|boarnefernijing=