Kening: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
LNo edit summary
L Bewurkings fan "Frou Watzema" (oerlis) werom set ta de ferzje fan "Ieneach fan 'e Esk".
Lebel: Weromdraaiïng
Rigel 1:
{{Oar|de foarstlike titel kening|kening (betsjuttingsside)}}
'''Kening''' is nei [[keizer]] de heechste [[monarchy|foarst]]like [[titel]]. Mei dizze titel wurdt it (manlike) steatshaad fan in keninkryk oantsjutten. It [[frou]]like ekwivalintekwifalint fan de titel is '''keninginne''', mar dat is ek oantsjutting foar de [[oarehelte]] fan in kening. De [[soan]] fan in kening is in [[prins]] en syn [[dochter]] is in [[prinsesse]]. De opfolger fan in kening is de [[kroanprins]]. Ofhinklik fan de definysje fan [[eallju]] kin de kening de heechste ealman yn in lân wêze, of dejinge dy't sizzenskip oer alle eallju hat.
 
== Oarsprong ==
Histoarysk hienen de [[Germanen|Germaanske]] keningen de kombinearre funksje fan foarsitter by folksgearkomsten, hegepryster by offers en militêr lieder by kriich. Nei alle gedachten hat dit ea in net-erflike funksje west, mar yn histoaryske tiden wie de titel erflik, al moast it folk de opfolging al goedkarre. De heechste hearskers yn oare kultueren hienen net krekt deselde funksjes, mar hja wurde oan de keningen lyksteld.
 
== Nederlân ==
=== Iere keningen ===
Yn Nederlân ûntwikkele harren yn de [[6e iuw]] yn it Frysk-Grinslanner terpegebiet stadich oan in keningskip by de it folk fan de [[Friezen]]. Krekt as yn de [[Angelsaksen|Angelsaksyske]] wrâld bestie it Fryske gebiet út meardere lytse politike ienheden mei elts in eigen politike lieder as kening. De earste keningen moatte derom foaral beskôge wurden as kriichshearen, waans kant tydlik keazen waard troch lokale machthawwers (eallju) om wjerstân biede te kinnen oan driging fan oare folken.
 
It Fryske keninkryk krige yn de rin fan de [[7e iuw]] hieltyd mear stal. De keningen wienen suksesfol yn de kriich en wreide harren gebiet fierder út nei it suden. Sy wienen machtich en ryk en ûnder kening [[Redbad]] soe it [[Fryske ryk]] har grutste útwreiding krije. Nei dizze kening soe it stadich oan oermastere wurde troch de [[Franken]]. [[Karel de Grutte]] makke der yn [[772]] in ein oan, doe't er it gebiet fan de Friezen eastlik fan de [[Lauwers]] by it [[Frankyske ryk]] foege.
 
=== Keninkryk fan deder Nederlânnen ===
De titel fan kening bestie yn [[Nederlân]] op 'e nij sûnt [[1815]]. Yn [[1813]] waard de [[soevereiniteit]] opdroegen oan Willem Frederik, [[Prins]] fan [[Oranje-Nassau]]. Hy wie doe Soeverein Foarst Willem VI, mar nei de feriening mei [[Belgje]] op it [[Kongres fan Wenen]] waard er yn [[1815]] nei in muoisume lobby oerhelle de titel 'Kening' oan te nimmen. Hjirmei waard er Kening [[Willem I fan Nederlân]].
Rigel 21:
Troch de tiid hinne hat Jeropa ferskate keninkriken kend; guon binne ferdwûn troch ferovering, oare troch fúzje en wer oaren troch revolúsje.
 
=== Hjoeddeiske keninkriken ===
Hjoed de dei hat Jeropa de neikommende keninkriken:
* [[Belgje]]