Warlock: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
LNo edit summary
L Bewurkings fan "Frou Watzema" (oerlis) werom set ta de ferzje fan "Ieneach fan 'e Esk".
Lebel: Weromdraaiïng
Rigel 2:
In '''''warlock''''' ([[útspr.]]: ['wɔ:ɹlɔk], likernôch: "<u>ûôr</u>-lòk") is in [[Ingelsk]]talige oantsjutting foar in [[persoan]] (ornaris in [[man (sekse)|man]]) dy't gebrûk makket fan [[tsjoenderij]]. Dêrby giet it yn 'e regel om lju dy't tsjoenderij tsjin oare [[minske]]n brûke, of dy't gebrûk meitsje fan [[swarte magy]]. Koartsein kin men in ''warlock'' yn it [[Frysk]] omskriuwe as in boaze tsjoender.
 
Neffens de meast algemien akseptearre [[etymology]] komt ''warlock'' fan it [[Angelsaksysk]]e [[wurd]] ''wǣrloga'', dat "eedbrekker" of "bedrager" betsjut. Yn it iere [[Nijskotsk]] ferskode de betsjutting nei it manlike ekwivalintekwifalint fan in [[hekse]]. Yn dy betsjutting waard ''warlock'' opnommen yn [[literatuer]] fan 'e [[Romantyk]], en sa kaam it uteinlik yn 'e [[tweintichste iuw]] yn 'e moderne [[popkultuer]] en de literatuer fan it [[fantasysjenre]] telâne. It soe ek kinne dat it [[Skotsk]] it wurd út it [[Aldnoarsk]] liend hat, fan ''varð-lokkur'', dat "opropper fan geasten" betsjut. Dat is lykwols ûnwierskynlik fanwegen de ekstreme seldsumens fan it wurd ''varð-lokkur'' yn it Aldnoarsk.
 
Hoewol't de measte slachtoffers fan 'e [[hekseferfolging]] yn it ier moderne [[Skotlân]] [[froulju]] wiene, waarden der ek in stikmannich [[manlju]] op 'e [[brânsteapel]] [[terjochtsteld]] as ''warlocks''. De [[wiskundige|wis]]- en [[natuerkundige]] en [[astronoom]] [[John Napier]] waard yn syn eigen tiid gauris as ''warlock'' beskôge fanwegen syn belangstelling foar [[divinaasje]] en it [[boppenatuerlike|okkulte]], mar syn posysje as lid fan 'e [[hegerein]] soarge derfoar dat hy nea ferfolge waard.