Muntsjesyl: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
gemeentlike weryndieling 2019
LNo edit summary
Rigel 18:
 
== Skiednis ==
Muntsjesyl is in kûmdoarp dat yn de lette midsiuwen ûntstien is by de yn [[1476]] troch Sistersjinzer mûntsen fan [[Gerkeskleaster]] sleine slûs yn de [[Lauwers]], dy't it troch harren bedike lân beskermje moast. De slûs is in tal kearen ferlein en fernijd. Oan de ein fan de [[16e iuw]] waard ferdigeningsskâns oanlein. De bouwbou fan de tsjintwurdige slûs yn [[1741]] foarme in ûnderdiel yn de ferbettering fan it [[Syldjip]] en de [[Muntjesylster Ryd]].
 
== Bouwurken ==
=== Herfoarme tsjerke ===
It hat lang duorre foar't Muntsjesyl sels in tsjerke krige. Dy is der kommen mei in subsydzje fan de Steaten yn 1655. It liket derop dat de Boerumers der net folle foar fielden, want der is tsien jier oer de bou dien. Op 13 augustus 1665 hold ds. Johannes de Grauw syn earste preek yn de nije tsjerke. Oant 1856 ta waarden de tsjerketiden oanjûn troch in hoarn. Der waard om de safolle tiid wer wat oan de tsjerke ferboud. Yn 1899 waard besletten om it ris goed oan te pakken. De arsjitekt [[H.A. Zondag]] krige de opdracht om in fernijde tsjerke te ûntwerpen. Zondag liet him ynspirearje troch de [[Renessânse]].