Lemsterbrêge: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
LNo edit summary
 
Rigel 4:
De brêge, in [[baskúlbrêge]], is yn 1964/65 oan lein. Foar dy tiid lei hjir in [[draaibrêge]]. Dy brêge waard betsjinne fan de stêd út, mei de súdtoer fan de [[Snitser Wetterpoarte|Wetterpoarte]] as brêgewippershúske. De nije brêge hat it brêgewippershúske lykwols op de fiere wâl.
 
Op likernôch itselde stee lizze al brêgen sûnt healwei de 17e iuw. Yn dy tiid wie der lykwols noch net in dyk nei [[De Lemmer]]; de âldere brêgen joechenjoegen tagong ta de [[Klokslach fan Snits]]. Foar de tiid dat hjir de earste brêge oanlein waard, wienen de [[Noarderpoartsbrêge]] en de [[Easterpoortsbrêge]] de ienichste lânferbiningen foar Snits. Hjoeddedei is de súdrin fan de Stedsgrêft in ferbining mei brêgen dy't iepen kinne, dat de Lemsterbrêge is it begjin fan de ferbining fan [[De Geau (Drylts)|De Geau]] nei de [[Wâldfeart (Súdwest-Fryslân)|Wâldfeart]] en de [[Houkesleat]].
 
Bûten it drokke farseizoen wipt de brêgewipper fan de Lemsterbrêge ek de [[Wâldfeartbrêge]].