Farao: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
LNo edit summary
L Bewurkings fan "Frou Watzema" (oerlis) werom set ta de ferzje fan "Ieneach fan 'e Esk".
Lebel: Weromdraaiïng
 
Rigel 2:
'''Farao''' is de [[aadlike titel|titel]] dy't gelyk stiet oan [[hege kening]], en dy't tsjintwurdich brûkt wurdt om alle [[kening]]en oan te tsjutten dy't yn 'e [[Aldheid]] oer [[Egypte]] regearren. Histoarysk sjoen kaam dizze titel lykwols pas yn gebrûk yn 'e tiid fan it [[Nije Keninkryk]], om sekuerder te wêzen ûnder de midden fan 'e [[Achttjinde Dynasty fan Egypte|Achttjinde Dynasty]], nei it [[regear]] fan [[keninginne]] [[Hatsjepsût]] (reg. [[1508 f.Kr.|1508]]-[[1458 f.Kr.]]). It wurd is ôflaat fan ''pr-ˤ3'' (transliterearre út [[hieroglifen|hieroglifysk skrift]]), dat fan oarsprong "keninklik paleis" betsjutte, mar úteinlik de oantsjutting waard foar dejinge dy't dêr wenne.
 
Fan 'e [[Njoggentjinde Dynasty fan Egypte|Njoggentjinde Dynasty]] ([[1292 f.Kr.|1292]]-[[1189 f.Kr.]]) ôf waard "farao" brûkt as ekwivalintekwifalint fan it [[Frysk]]e "Jins Majesteit": as earbiedige oansprektitel dus. Pas ûnder de [[Ienentweintichste Dynasty fan Egypte|Ienentweintichste Dynasty]] ([[1077 f.Kr.|1077]]-[[943 f.Kr.]]) waard it ferbûn mei de namme fan 'e monarch, sadat it ekwivalintekwifalint waard oan ús wurd "kening". [[Taalkundige]]n binne fan tinken dat it tsjin dy tiid útsprutsen waard as [*par-ʕoʔ]. [[Griken|Grykske]] [[keaplju]] [[ferbastering|ferbasteren]] dy útspraak ta φαραώ, ''faraō'', dat fia de [[Bibel]] yn alle [[Jeropa|Jeropeeske]] talen oernommen waard.
 
{{boarnen|boarnefernijing=