Flat: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
nije side
 
plaatsjes
Rigel 1:
[[File:FlatgebouwGalerijflat.jpg|right|thumb|180px|InDe flatgebou.Antilleflat yn Ljouwert (2011)]]
[[File:Brandaris zaandam01.jpg|thumb|De Brandarisflat yn [[Saandam]]]]
 
In '''flat''' ([[útspr.]]: [flɛt]), ek skreaun as '''flet'''<ref>{{Berjocht:Frysk Hânwurdboek|501}}</ref> is in [[wente]] besteande út ien [[ferdjipping]] of in diel fan ien ferdjipping fan in [[gebou]] mei mear as ien wenlaach. It kin ek it hiele gebou beskriuwe, dat mei in langere beneaming in '''flatgebou''' of '''appartemintekompleks''' hjit. De beneaming 'flat' komt fan it [[Ingelsk]]e [[wurd]] ''flat'' ("plat"), om't alle [[keamer]]s op itselde nivo lizze. Yn it Ingelsk kin ''flat'' lykwols inkeld nei de wenienheid ferwize en net nei it gebou as gehiel. In flat, oftewol in [[appartemint]] dat hielendal lykfliers is, moat net betize wurde mei in [[appartemint]] dat út mear as ien ferdjipping bestiet (wêrby't bgl. de [[sliepkeamer]] boppe de [[wenkeamer]] leit). Sa'n wente hjit in [[mêsonette]].