Flat: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
plaatsjes
L noch wat plaatsjes
Rigel 1:
[[File:GalerijflatFlatgebouw.jpg|right|thumb|De180px|In Antilleflat yn Ljouwert (2011)flatgebou.]]
[[File:Brandaris zaandam01Galerijflat.jpg|180px|thumb|right|De BrandarisflatAntilleflat yn [[SaandamLjouwert (stêd)|Ljouwert]] (2011) mei in ynstoarte galerij.]]
 
In '''flat''' ([[útspr.]]: [flɛt]), ek skreaun as '''flet'''<ref>{{Berjocht:Frysk Hânwurdboek|501}}</ref> is in [[wente]] besteande út ien [[ferdjipping]] of in diel fan ien ferdjipping fan in [[gebou]] mei mear as ien wenlaach. It kin ek it hiele gebou beskriuwe, dat mei in langere beneaming in '''flatgebou''' of '''appartemintekompleks''' hjit. De beneaming 'flat' komt fan it [[Ingelsk]]e [[wurd]] ''flat'' ("plat"), om't alle [[keamer]]s op itselde nivo lizze. Yn it Ingelsk kin ''flat'' lykwols inkeld nei de wenienheid ferwize en net nei it gebou as gehiel. In flat, oftewol in [[appartemint]] dat hielendal lykfliers is, moat net betize wurde mei in [[appartemint]] dat út mear as ien ferdjipping bestiet (wêrby't bgl. de [[sliepkeamer]] boppe de [[wenkeamer]] leit). Sa'n wente hjit in [[mêsonette]].
 
Line 8 ⟶ 7:
 
==Skaaimerken==
In appartemint yn in flatgebou is faak foarsjoen fan in [[balkon]]. In soad flatgebouwen hawwe in [[treppehûs]] en [[lift]] yn it binnenste fan it gebou, en dêrby rinne dan de [[gong (romte)|gongen]] by de [[doar|foardoarren]] fan 'e [[appartemint]]en lâns ek troch it binnenste fan it gebou. [[Galerijflat]]s hawwe in [[trep]] en iepen [[galerij]] (rinpaad) oan 'e bûtenkant fan it gebou, wêrby't de foardoarren fan 'e apparteminten dus op 'e [[iepen loft|bûtenloft]] útkomme. Dat sparret in soad [[elektrisiteit]] út, mei't de gongen binnenyn in flatgebou oer it generaal gjin [[finster]]s hawwe en dêrom de hiele dei [[ljocht|ferljochte]] wurde moatte mei [[TL-buis|TL-buizen]]. It komt ek foar, benammen as de apparteminten in hiele ferdjipping beslane, dat de foardoarren streekrjocht útkomme op it treppehûs of de lift. Dat soarte flatgebouwen wurde [[portykflat]]s neamd. By gruttere flatgebouwen hat dat as neidiel dat der mear as ien treppehûs en lift nedich is.
 
==Galery==
{{clear}}
<gallery mode=packed heights=150px style="text-align:left">
File:Nirwana Den Haag 2007.jpg|De Nirwanaflat yn [[De Haach]]
File:Brandaris zaandam01.jpg|De Brandarisflat yn [[Saandam]]
File:Asemwald.JPG|In flatgebou yn [[Stuttgart]]
File:Apartment buildings in Cotton Tree, Queensland 01.jpg|In flatgebou yn [[Queenslân]]
File:Storchmühlenweg-Schobersmühlenweg Erfurt.JPG|In flatgebou yn [[Erfurt]]
</gallery>
{{boarnen|boarnefernijing=
<references/>