Restaurant: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
kt
No edit summary
Rigel 1:
{{wurk}}
[[File:Stationsrestauratie Deventer 2010.jpg|right|thumb|250px|It stasjonsrestaurant fan [[Dimter]].]]
In '''restaurant''' is in [[iepenbiere gelegenheid]] dêr't men telâne kin om (tsjin betelling) te [[iten]] wurde kin. Yn 'e mande mei [[hotel]]s en [[kafee]]s wurde restaurants ek wol oantsjut as de [[horeka]]. It restaurant sa't wy datfan no kinne, is oan 'e ein fan 'e [[achttjinde iuw]] ûntstien yn 'e [[Frankryk|Frânske]] [[haadstêd]] [[Parys]]. Earder bestiene der ek al iepenbiere gelegenheden dêr't meniten itewurde koe, mar dat wiene [[herberge]]n (dêr't men benammen hinne gie om ûnderweis te oernachtsjen en dan iet wat de pot skafte) of [[ythûs|ythuzen]] (dy't mear wei hiene fan moderne [[kafetaria|kafetaria's]] as fan restaurants). De fernijing dy't oan 'e ein fan 'e achttjinde iuw plakfûn, omfieme it ûntstean fan in ferfyndere foarm fan it ythûs, dêr't men net inkeld hinne gie om te iten, mar ek om it derhinne gean op himsels, en dêr't men kieze koe út ferskate mooglike [[gerjocht]]en (''menu à la carte'').
 
De namme 'restaurant' soe ôfkomstich wêze fan it [[Frânsk]]e ''restaurer'' ("bykomme", "reparearje") komme, dat ferwiisde nei in fersterkjend middel yn 'e foarm fan in krêftich [[sop (gerjocht)|sop]] dyda't al fan 'e [[sechstjinde iuw]] ôf optsjinne waard. Yn [[1765]] waard yn Parys in ythûs iepene dêr't men kieze koe út ferskate fan sokke soppen, dy't oanpriizge waarden as ''soup restaurante'' (in "fuortsterkjend sop"). Meitiid ûntwikkele him dêrút it wurd restaurant. Fan 'e ein fan 'e [[njoggentjinde iuw]] waarden restaurants ek fêstige yn of by grutte [[trein]]stasjons, sadat de reizgers dêr ite koene.
 
Geandewei de [[tweintichste iuw]] kamen der yn 'e Westerske wrâld ek restaurants by dy't har útslutend taleine op 'e [[haute cuisine|kulinêre tradysjes]] fan in beskaat lân, lykas [[Sina|Sineeske]], [[Itaalje|Italjaanske]], [[Grikelân|Grykske]], [[Japan]]ske en [[Spanje|Spaanske]] restaurants. Lju dy't nei de ûnôfhinklikheid fan [[Yndoneezje]] dêrwei nei [[Nederlân]] kamen, begûnen hjir Sineesk-Yndyske restaurants, mei in menu dat mear basearre wie op 'e koken fan Yndoneezje as op dy fan Sina. In protte fan sokke 'bûtenlânske' restaurants binne (ek) [[ôfhelrestaurant]]s, dêr't men it bestelde gerjocht ôfhelje of bestelle (en bringe) litte kin om it dan thús op te iten.