Kabouter: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L red
L red
Rigel 1:
[[File:EftelingKaboutersParking.jpg|right|thumb|250px|Kabouters oan it wurk by it [[parkearplak]] fan [[ferdivedaasjepark]] [[Efteling|De Efteling]].]]
In '''kabouter''' is in lyts, [[minske|humanoïde]], [[mytysk wêzen]] út 'e [[folkloare]] fan [[Nederlân]] en [[Flaanderen]]. De beneaming is krekt as [[kobold]] ôflaat fan it [[Oergermaansk]]e [[wurd]] *''kuƀa-walda'', "hûswarder", of *''kuƀa-hulþa'', "it hûs goedgeunstich sind wêzende". Sokke wêzens komme yn withoefolle [[mearke]]s en [[folksferhalen]] út 'e [[Nederlannen|Lege Lannen]] foar. Yn oare dielen fan 'e wrâld ken men mytyske wêzens dy't soartgelikens mar net itselde binne, lykas de ''[[nisse]]'' en ''[[tomte]]'' út [[Skandinaavje]], de [[kobold]] en it ''[[Heinzelmannchen]]'' út it [[Dútsk]]e [[taal]]gebiet, de ''[[brownie (mytysk wêzen)|brownie]]'', ''[[hobgoblin]]'' en ''[[piskiepixie]]'' of ''pixiepiskie'' fan 'e [[Britske Eilannen]], de ''[[hiisi]]'' út [[Finlân]] en de ''[[domovoj]]'' út [[Ruslân]]. Kabouters wurde gauris betize mei [[gnoom|gnomen]], mar dat binne [[elemint]]êre [[ierdgeast]]en dy't bûn binne oan 'e [[ierde]], wylst kabouters ierdgeasten binne dy't in bân hawwe mei [[hûs]] of [[bosk]].
 
Kabouters wurde almeast omskreaun as wêzens dy't sterk op minsken lykje, mar folle lytser fan stal binne. Hoe grut oft se krekt binne, hinget ôf fan it oanbelangjende ferhaal, en kin útinoar rinne fan sa'n 15 oant 45 [[sintimeter|sm]]. Alle kabouters hawwe in [[jeropide ras|blanke]] [[hûdskleur]], en se wurde yn 'e regel foarsteld as mantsjes mei in lang griis [[burd]], in frij grutte, reade [[noas]], bolle reade [[wang]]en en bolle [[búk|buken]]. Harren [[klean]] docht gauris wat [[Midsiuwen|Midsiuwsk]] oan, en hat faak felle [[kleur]]en, lykas read, blau, giel of grien. Se drage tradisjoneel in reade [[puntmûtse]]. Om 'e mul hawwe se in brede swarte [[mulrym|rym]] mei in grutte [[gasp]], en oan 'e [[fuotten]] tsjûke swarte [[lears|learzens]]. Kabouterwyfkes wurde lang sa faak net ôfbylde, mar hawwe ornaris in lange [[rok]] oan en drage it [[hier (begroeiïng)|hier]] yn ien of mear [[frissel]]s.