Dyksterastate: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
No edit summary
Rigel 1:
De '''Dyksterastate''' of '''Dyxterastate''' stie noardlik fan [[Ljussens]], gemeente [[Dongeradiel]], oan de âlde seedyk. Op it terrein stiet in pleats fan it kop-hals-romp type út 1890 dy't oan de foarside restaurearre is. De [[stinswier]] is ôfgroeven.
 
It ûntstean fan de stins/state is ûnbekend. Ek oan de âlde seedyk, dêr't dy op de kaart fan Eekhoff in útstulpinkje makket en dêr't de grins tusken de [[himrik]]ken fan Ljussens en [[Eanjum]] rint, lei de state Dykstera.<br>
Yn 1418 wurdt Lyowa Dicstera neamd as [[grytman]] fan Dongeradiel. Yn 1422 wurdt ûnder de Fetkeaperske[[Fetkeapers]]ke eallju dy't de soen fan de WestlauwerseWestlauwerske Friezen mei [[Okko II tom Brok]] en de Eastfriezen bekrêftigen, ek Lywe Dijcksaeter neamd. Der moat dus in stins stien hawwe. Yn [[1511]] brûkt Abe Dickstra, dy't direkt nei de pastoar neamd wurdt, 77 [[pûnsmiet]] eigen lân. Yn [[1543]] komt Zuyerdt Dextre foar en krije de pastorije en de fikaarje út Dextra-steede elk achttjin stuorren. De eigenierde state is dêrnei grif in pachtpleats woarn.
 
== Bewenners ==