Spegelretoerskip: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
No edit summary
algemiener
Rigel 1:
[[Ofbyld:De BATAVIA voor de film onderweg als de NIEUW HOORN (02).jpg|thumb|250px|Replika fan it retoerskip ''Batavia'']]
[[Ofbyld:Nooms - De Paerrel en Den Dubbelen Arent.png|thumb|300px|''De Paerrel in Oostindis Vaerder'' (l.), ''Den Dubbelen Arent in Westindis Vaerder'', [[Reinier Nooms]], om 1650]]
It '''spegelretoerskip''', ek wol koartwei '''retoerskip''' neamd (of '''eastynjefarder'', de oantsjutting fan alle skipstypen dy't op 'de East' fearen. ([[Ingelsk]]: ''East Indiaman''; [[Sweedsk]]: ''ostindiefarare''; [[Dútsk]]: ''Ostindienfahrer'') wie it wichtichste type transportskip fan de [[V.O.C.]] foar it ferfier fan guod en persoanen fan en nei [[Batavia]] en oar plakken yn it [[Fiere Easten]]. De term spegel slacht wierskynlik op it platte ein boppe de eftersteven dy't ryklik fersierd wie en dêrtroch tinken die oan in hânspegel út dy tiid. Om't dit it wichtichste skipstype wie, waard it faak net iens beneamd yn de orizjinele boarnen, mar spruts men gewoan fan in 'skip'. De oare Europeeske hannelsmaatskippijen, lykas de [[West-Yndyske Kompanjy]] en de [[Britske East-Yndyske Kompanjy]], hiene ek soksoarte skippen. <ref>''M. Philippa e.a. (2003-2009) Etymologisch Woordenboek van het Nederlands'' fia: [http://www.etymologiebank.nl/trefwoord/spiegel1 etymologiebank.nl]</ref>
 
Spegelretoerskippen seagen der oan de bûtekant net folle oars út as de [[Oarlochsskip|oarlochsskippen]] fan de [[Republyk fan de Sân Feriene Nederlannen|Republyk]] en hiene deselde type [[Kanon|kanons]], mar safolle net. Yn oarlochstiid waarden de retoerskippen ek brûkt yn de striid op see.