It Wytfean: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
LNo edit summary
Rigel 3:
'''It Wytfean''' is in [[buorskip]] by [[Eastermar]] yn [[Tytsjerksteradiel]]. De namme komt ek foar as ''Witveen'', ''Het Witveen'' en as mooglike fjildnamme ''Witte feenen''. Wyt fean is frij ljocht kleure, jong fean.
 
It Wytfean leit yn it gebiet tusken Eastermar, de [[Rottefalle]] en [[Surhústerfean]]. It oarspronklike ''Wytfean'' wie in [[heechfean]]-gebiet. Likernôch 1620 sette him dêr in groep Switserske [[minnisten]] ta wenjen. Al om 1700 moat der in [[fermanje]] stien hawwe. Hjoed -de -dei is It Wytfean in lanlik plak mei in protte [[pleats]]en en oare frijsteande huzen.
 
De strjitten dy't ta it Wytfean rekkene wurde binne: de Wytfeansterwei, de Achttienenwei, de [[Seadwei]], de [[Robyntsjewei]] en de [[Biltwei]].